Chiel Montagne, pseudonym fan Bertus Arie (Bert) van Rheenen (Uitgeest, 26 augustus 1944 - 24 july 2025) wie in Nederlânske presintator en radio-dj.

Libben en wurk Doe't er acht jier wie begûn er al mei it ynsprekken fan harkspullen by de KRO. Nei de middelbere skoalle wied al him dwaande mei aktearjen. Hy folge inkelde jierren de toanielskoalle yn Arnhim.

Syn karriêre begûn yn 1963 as diskjockey by de seestjoerder Radio Veronica. Hy is in neef fan Bull Verweij. Yn 1971 soe Montagne by de TROS it telefyzjeprogramma 'Op losse groeven' (letter 'Op Volle Toeren') presintearje. Dat programma wie folslein wijd oan it Nederlânsktalige liet dat hast tweintich jier lang bestien hat. Ek siet Montagne yn it begjin by it ferneamde TROS dj-team dat fan 3 oktober 1974 ôf de stjoertiid útwreiding as A-omrop op Hilversum 3 fersoarge en fan 3 oktober 1974 oant en mei 28 novimber 1985 útgroeie soe ta de ferneamde TROS-tongersdei; De beste dag op 3, de bêst beharke dei op Hilversum 3. Fan 2 jannewaris 1976 ôf presintearre hy Als dat zou kunnen.

Yn 1972 besocht er in hit te skoaren mei it nûmer Marja dat lykwols stykjen bleau yn de Tipparade.

Montagne is ek dwaande mei de produksje en rezjy fan muzykspecials. Dêrneist rjochte er yn 1974 yn Baarn syn eigen lûdsstudio op, Dutch Music Center (DMC), dêr't tal fan Nederlânske artysten en ynternasjonale artysten harren platen opnaam hawwe. Op 15 desimber 2003 rjochte er syn eigen omrop, de Montagne Omroep Nederland (MON), op. Syn doel mei dy omrop wie om mear Nederlânske muzyk út te stjoeren. De omrop helle it fereaske ledetal lykwols net en hat nea útstjoerd.

Montagne wie ien fan de meioprjochters fan Holland FM. Ek foar Talk Radio hat er him in skoft mei de sponsoring dwaande hâlden. Fierder presintearre hy as dj foar Radio 10 FM en Radio 192.

Ek hat Chiel Montagne in artystemanagement- en boekingsburo Chiel Montagne Produkties en skriuwt er muzykteksten foar ferskate Nederlânsktalige artysten.

Yn 2006 wie Montagne te sjen yn it programma TV Comeback, yn dy searje fan Omrop MAX wiene ûnder oare ek Wieteke van Dort en Ted de Braak te sjen. Op 2 febrewaris 2008 hat Montagne in part fan it programma Idols presintearre. Op 28 april 2009 die er mei oan in ôflevering fan de searje Toen was geluk heel gewoon. Yn 2010 wurke Montagne mei oan it telefyzjeprogramma Ushi & Loesie, op RTL 4, om bekende Nederlânske sjongers en sjongeressen yn de maling te nimmen. Ut namme fan TV Oranje gie er tegearre mei twa trouwe fans del, wêrby Wendy van Dijk ferklaaid wie as de wat frjemde en drokke Loesie.

Op 29 april 2010 waard Montagne Ridder yn de Oarder fan Oranje-Nassau.

Chiel Montagne ferstoar op 24 july 2025, yn 'e âldens fan 80 jier oan de gefolgen fan COPD.

Kategory:Nederlânsk telefyzjepresintator Kategory:Nederlânsk radio-discjockey Kategory:Nederlânsk harkspulakteur Kategory:Nederlânsk ûndernimmer Kategory:Ridder yn de Oarder fan Oranje-Nassau Kategory:Persoan berne yn 1944 Kategory:Persoan stoarn yn 2025