De brân yn Hotel't Silveren Seepaerd fûn yn de nacht fan 28 septimber 1971 plak yn it Noard-Brabânske Eindhoven. 11 minsken kamen om it libben by de brân en 19 rekken ferwûne.
Hotel 't Silveren Seepaerd wie in hotel-restaurant oan it Stationsplein. De brân yn it hotel bruts nachts út. De brân yn it hotel bruts nachts út. De brân dy't begûn op de begeane grûn, wreide him tige rap út oer it hotel fan fjouwer ferdjippingen. De flechtrûten yn it hotel wiene min oanjûn en troch de reekûntwikkeling wie fuortkommen út it hotel suver ûnmooglik.
Under de deadlike slachtoffers wie de Dútske fuotballer Wolfgang Hoffmann, dy't mei syn alvetal Chemie Halle út de doetiidske DDR de dei foar de brân yn it hotel arrivearre wiene. Sy wiene yn Nederlân foar in Europacup III wedstriid tsjin PSV. De wedstriid waard net mear spile. thumb|left|180px|Tinkstien oan de brân yn Eindhoven by it fuotbalstadion yn it Dútske Halle. De oarsaak fan de brân is nea opheldere. Om healwei seizen moarns hinne seach in bussjauffeur brân yn it restaurant fan it hotel. De sjauffeur warskôge de portier, mar der wie doe al safolle reekûntwikkeling dat se it hotel net fierder yn doarden te gean. Efkes letter wie de brânwacht teplak. Ferskate gasten hongen út harren ruten en op strjitte lei in tal minsken dy't sprongen wiene. De brânwacht konsintrearre him earst op it rêden fan de hotelgasten, foardat hja mei it dwêsten begûn. Pas om kertier foar achten wie de brân ûnder kontrôle.
De brân yn't Silveren Seepaerd late yn Nederlân ta strangere brânfoarskriften foar hotels en restaurants. It hotel waard net werboud. Hjoed- de-dei stiet der op it plak fan it hotel in appartemintekompleks.
Op 28 april 2006 spile PSV in freonskiplike wedstriid, yn en tsjin Halle, ta neitins oan de brân. Yn 2021 fyftich jier nei de brân waard yn it Dútske Halle in tinkstien ta neitins fan de brân ûntbleate.
Bran yn Hotel t Silveren Seepaerd Hotel t Silveren Seepaerd Bran yn Hotel t Silveren Seepaerd Bran Hotel t Silveren Seepaerd Bran Hotel t Silveren Seepaerd