De brúnkoptangare (Tangara gyrola) is in fûgelsoarte yn it skaai echte tangaren (Tangara) út de famylje tangarefûgels (Thraupidae).
Beskriuwing thumb|left|Fûgel yn Kosta Rika. De brúnkoptangare is in tangaresoarte mei in meast grien bealchje en in readbrúne kop. Guon populaasjes ha in blauwe ûnderkant, wylst oaren dêr folslein grien binne. De soarte liket op 'e brúnwjuktangare (Tangara lavinia), mar hat altiten griene wjukken.
Fersprieding De brúnkoptangare is ferdield yn njoggen ûndersoarten yn trije groepen mei de folgjende ferdieling:
albertinae-groep Tangara gyrola bangsi – tropysk en subtropysk Kosta Rika en West-Panama. Tangara gyrola deleticia – Panama (Darién) en West-Kolombia Tangara gyrola nupera – súdwestlik Kolombia (Nariño) en West-Ekwador Tangara gyrola catharinae – noardlik Kolombia en de noardeastlike Andes fan Kolombia oant Sintraal-Bolivia Tangara gyrola parva – súdeastlik Kolombia oant it suden fan Fenezuëla, noardeastlik Perû en Noardwest-Brazylje Tangara gyrola albertinae – Brazylje súd fan 'e Amasône (Rio Purus oant Pará, noardlik Mato Grosso) viridissima/toddi-groep Tangara gyrola toddi – berchgebieten fan noardlik Kolombia en noardwestlik Fenezuëla Tangara gyrola viridissima – kustkriten fan noardeastlik Fenezuëla ynklusyf Trinidad Tangara gyrola gyrola – súdeastlik Fenezuëla oant Guyana en noardlik Brazylje
Hâlden en dragen Brúnkoptangaren libje yn 'e middeste en hege lagen fan beammen en boskrânen fan subtropysk en tropysk bosk. Se wurde dêr fakentiden oantroffen yn keppels mei oare soarten. Se libje fan fruchten.
Status Neffens in rûge rûzing fan 2016 bestiet de populaasje út 5.000.000 oant 50.000.000 folwoeksen fûgels. De oantallen rinne tebek, mar net sa bot en dêrfandinne klassifisearret de Ynternasjonale Uny foar it Behâld fan 'e Natuer (IUCN) de fûgel as net bedrige (LC, 2021).
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Echte tangare Kategory:Lânseigen fauna yn Bolivia Kategory:Lânseigen fauna yn Brazylje Kategory:Lânseigen fauna yn Ekwador Kategory:Lânseigen fauna yn Fenezuëla Kategory:Lânseigen fauna yn Frânsk-Guyana Kategory:Lânseigen fauna yn Guyana Kategory:Lânseigen fauna yn Kolombia Kategory:Lânseigen fauna yn Kosta Rika Kategory:Lânseigen fauna yn Nikaragûa Kategory:Lânseigen fauna yn Panama Kategory:Lânseigen fauna yn Perû Kategory:Lânseigen fauna yn Suriname Kategory:Lânseigen fauna yn Trinidad en Tobago