The Great Escape is in Amerikaanske histoaryske oarlochsfilm út 1963 ûnder rezjy fan John Sturges, mei yn 'e haadrollen Steve McQueen, James Garner en Richard Attenborough. De titel betsjut "De Grutte Untsnapping". De film is basearre op it non-fiksjeboek mei deselde namme fan Paul Brickhill. Beiden geane oer de histoaryske ûntsnapping fan 76 Alliëarde loftmachtpiloaten yn 'e Twadde Wrâldoarloch út it kriichsfinzenekamp Stalag Luft III yn nazy-Dútslân yn 1944. Hoewol't de film hjir en dêr in loopke naam mei it histoaryske boarnemateriaal, krige The Great Escape fan 'e filmkritisy tige loovjende resinsjes en wie it yn 'e bioskopen in grut kommersjeel súkses.
Plot Yn 'e Twadde Wrâldoarloch wurde yn nazy-Dútslân Alliëarde piloaten dy't ferskate kearen besocht hawwe te ûntsnappen nei in nij kriichsfinzenekamp ferhuze dat ekstra goed befeilige is. It kamp, Stalag Luft III, stiet ûnder befel fan kolonel Von Luger fan 'e Luftwaffe. By de iepening fan it kamp warskôget dyselde de heechste Alliëarde ofsier, kolonel Ramsey, dat de Gestapo en de SS har nocht hawwe fan 'e probleemgefallen dy't yn Stalag Luft III ûnderbrocht binne, en dat de Luftwaffe it Alliëarde loftmachtpersoniel net mear beskermje kin as der nije útbraken út it kamp plakfine.
Nettsjinsteande dat besykje ferskate Alliëarde piloaten dyselde deis al út te brekken, mar om 'e nocht. De Amerikaanske ofsier Virgil Hilts ûntdekt in plak yn 'e ôffreding dy't bûten it sicht fan beide oanbuorjende wachttuorren is. Hy nimt de proef op 'e som mar wurdt trappearre, hoewol't de sipiers har ûnbewust bliuwe fan it bline plak yn 'e bewekking. Foar straf wurdt Hilts yn 'e isolearsel set, mar hy kin dêrwei kommunisearje mei de Skotske ofsier Archie Ives yn 'e oangrinzgjende sel. De beide mannen reitsje befreone. As se út 'e isolearsel komme, besykje se suver fuortendaliks tegearre út te brekken, mar wurde pakt en wer weromstjoerd nei de isolearsel.
Underwilens pakke de kriichsfinzenen út it Feriene Keninkryk en it Britske Mienebêst it profesjoneel oan mei harren ûntsnappingsplannen. Majoar Roger Bartlett hat de lieding oer de organisaasje. Hy wol yn ien kear 250 man ûntsnappe litte en kriget dêrfoar de goedkarring fan kolonel Ramsey. De kriichsfinzenen begjinne tagelyk oan trije ûntsnappingstunnels te wurkjen, dy't se de koadenammen "Tom", "Dick" en "Harry" jouwe.
Alle kriichsfinzenen binne op 'e iene of de oare manear by it ûntsnappingsplan belutsen. De Ingelsman Willie Dickes en de nei Ingelân útwykte Poal Danny Welinski hawwe de lieding oer it graven en de Australyske luitenant Sedgwick makket dêr ark en reau foar út wat er mar yn 'e hannen krije kin. Luitenant-op-see earste klasse Ashley-Pitt, in fleander fan 'e Britske Keninklike Marine, betinkt hoe't se fan 'e útgroeven ierde ôf komme kinne. Kaptein Dennis Cavendish mjit de tunnelrûtes op en jout lieding oan in koar om it leven fan it graaf- en brekwurk te maskearjen. Kaptein Andy MacDonald garret ynformaasje, en twadde luitenant Griffith naait unifoarmen om ta boargerklean. De Amerikaan Hendley is in sjacherder, dy't op fernimstige wize hast alles wol besette kin (lykas in fototastel, foar it meitsjen fan foto's foar op ferfalske identiteitsbewizen). Syn keamergenoat, de Ingelske kaptein Colin Blythe, is de ferfalsker.
As Hilts foar de twadde kear út 'e isolearsel komt, hat er alwer in nij plan úttocht om te ûntkommen. Bartlett is him dêr bewust fan en freget Hilts om by in slagge ûntsnapping foar him op ferkenning út te gean yn 'e omkriten fan it kamp, om't de finzenen der yn tichte frachtweinen hinne riden binne en út it kamp wei inkeld de omlizzende bosk sjen kinne. Dat soe lykwols betsjutte dat Hilts him neitiid mei sin wer finzen nimme litte moat, want dat is de iennichste manear om 'e opdiene ynformaasje by Bartlett-en-dy te krijen. Sa'n selsopoffering giet Hilts tefier, dat hy betanket foar de ear.
As "Tom" hast klear is, beslút Bartlett dat "Dick" en "Harry" foarearst ôfsletten wurde moatte, sadat alle krewearjen konsintrearre wurde kin op "Tom". Underwilens stoke Hilts, Hendley en Goff, de trije Amerikanen yn it kamp, eigenmakke sterke drank ta gelegenheid fan 4 july, de Amerikaanske Unôfhinklikheidsdei. Wylst de finzenen feestfiere, ûntdekke de bewekkers lykwols de yngong fan "Tom". Ives, dy't net mear oer de finzenskip kin en al syn hoop op in flugge útbraak fia "Tom" pleatst hie, besiket dêrop yn wanhoop út te brekken troch simpelwei oer it stek te klimmen en wurdt troch de bewekkers deasketten. Hilts is dêr sa poerrazen oer, dat er Bartlett taseit foar him op ferkenning útgean te sillen.
Nei't alle opskuor wat delbêde is, lit Bartlett "Harry" wer iepen meitsje en geane de finzenen troch mei graven. Hilts ûntsnapt en lit himsels wer finzen nimme. Hy bedarret yn 'e isolearsel en moat wachtsje mei oan Bartlett te rapportearjen oant er dêr wer út litten wurdt. Underwilens wurdt dúdlik dat Welinski, ien fan 'e wichtichste gravers, eins in slimme foarm fan klaustrofoby hat en inkeld troch syn izeren wilskrêft yn 'e tunnel wurkje kin. Nei in ynstoarting dy't him op in hier nei fataal wurdt, brekt er lykwols en doar er net wer ûnder de grûn. Blythe, dy't progressive myopy hat, rekket sa stadichoan sa goed as blyn. Bartlett wol him dêrom net oan 'e ûntsnapping dielnimme litte, mar Hendley smyt himsels op as beskermer fan syn keamergenoat en seit dat hy Blythe wol liede sil.
De oanlis fan "Harry" wurdt foltôge, mar as de ûntsnapping op in tsjustermoanne nacht úteinset, ûntdekke de kriichsfinzenen dat se har ferrekkene hawwe: de tunnel is goed 6 m te koart en komt foàr de boskrâne út ynstee fan tusken de beammen. Hilts weaget him as earste boppe de grûn en brûkt in tou dat werom de tunnel yn liedt om mei skuorkes te seinen wannear't de bewekkers de oare kant út rinne en de kust dus feilich is. De ûntsnapping giet dat it slydjaget, oant Cavendish de boel bedjert mei syn ûngeduld en de oandacht fan in bewekker lûkt. De tunnelútgong wurdt ûntdutsen en de útbraak beëinige, mar tsjin dy tiid binne 76 finzenen útpykt.
De ûntsnapte piloaten spatte alle kanten út. Cavendish liftet in stik mei yn in passearjende frachtwein, mar de frachtweinsjauffeur jout him oan. Hendley en de bline Blythe stelle op in lyts fleanfjild in lesfleanmasine, dêr't se mei nei Switserlân fleane wolle. Wannear't se motorpech krije, stoarte se del. Se oerlibje de crash, mar Blythe wurdt by harren arrestaasje deasketten troch Dútske soldaten. Hilts bemachtiget in motorfyts, dêr't er mei op 'e Switserske grins ta giet. Dy is lykwols sa potticht set, dat er himsels dêr klemriidt en oerjaan moat oan syn efterfolgers. Op in spoarstasjon driget in Gestapo-ofsier Bartlett en MacDonald te identifisearjen, mar Ashley-Pitt, dy't it oankommen sjocht, offeret himsels op (en wurdt deasketten), sadat syn beide maten ûntkomme kinne. De beide mannen, dy't har foardogge as Frânske sakelju, wurde lykwols letter dochs noch oppakt nei't in oare Gestapo-ofsier MacDonald deryn traapje lit troch him by fersin Ingelsk prate te litten.
Uteinlik witte mar trije fan 'e 76 man út 'e hannen fan har efterfolgers te bliuwen. Welinski en Dickes stelle in roeiboat en litte har de rivier ôfsakje nei see, dêr't se yn in haven oanmeunsterje op in Sweedske frachtskip. En Sedgwick stelt in fyts en ferskûlet him letter yn in frachtwagon fan in trein dy't nei Frankryk riidt. Dêr komt er, mear troch gelok as wiisheid, yn kontakt mei it ferset. Hy wurdt nei de Pyreneeën ta smokkele, dêr't in Spaanske gids him oer de bergen nei frijheid ta liedt.
Fyftich fan 'e wer finzen nommen ûntsnapten, ûnder wa Bartlett, MacDonald en Cavendish, wurde troch de Gestapo nei in ôfhandige berchgreide riden, dêr't se sabeare eefkes de skonken strekke meie om't se noch in lange rit foar de boech hawwe. Te let merke de mannen dat efter harren in masinegewear opsteld wurdt, wêrmei't se hommels allegearre delmeand wurde by wize fan stânrjochtlike eksekúsje. Hendley en in stik as tweintich oaren wurde wer nei Stalag Luft III ta stjoerd, dêr't kampkommandant Von Luger yn ferlegenheid brocht is as er oan kolonel Ramsey útlizze moat hoe't it kin dat fyftich fan syn mannen net weromkomme sille, mar ek net foargoed ûntkommen binne. Letter blykt Von Luger sels troch de ûntsnapping ek yn ûngenede fallen te wêzen en wurdt er troch de Gestapo ôffierd mei ûnbekende bestimming. Hilts keart lang om let wol nei it kamp werom, dêr't er daliks wer yn 'e isolearsel bedarret.
Rolferdieling
haadrollen personaazje basearre op(histoaryske persoan) akteur/aktrise kaptein Virgil Hilts Bill Ash David M. JonesJohn Dortch Lewis Steve McQueen kaptein Bob Hendley James Garner majoar Roger Bartlett Roger Bushell Richard Attenborough
byrollen personaazje basearre op(histoaryske persoan) akteur/aktrise kaptein Danny Welinski Per Bergsland Charles Bronson kaptein Colin Blythe Tim Walenn Donald Pleasence 1e luitenant Sedgwick Al HakeJohnny TravisBram van der Stok James Coburn luitenant-op-see 1e klasse Eric Ashley-Pitt David McCallum 1e luitenant Archie Ives Jimmy Kiddel Angus Lennie kolonel Ramsey Herbert Massey James Donald kaptein Willie Dickes Jens Müller John Leyton kolonel Von Luger Friedrich Wilhelm von Lindeiner-Wildau Hannes Messemer kaptein Andy MacDonald Gordon Jackson kaptein Dennis Cavendish Nigel Stock soldaat Werner Robert Graf 2e luitenant Goff Jud Taylor Gestapo-ofsier Kuhn Hans Reiser sersjant Strachwitz Harry Riebauer kaptein Sorren William Russell kaptein Posen Robert Freitag Gestapo-ofsier Preißen Ulrich Beiger SD-kaptein Dietrich George Mikell 1e luitenant Haynes Lawrence Montaigne 2e luitenant Griffith Robert Desmond soldaat Frick Til Kiwe soldaat Kramer Heinz Weiß kaptein Dai Nimmo Tom Adams SD-luitenant Steinach Karl-Otto Alberty
Produksje en distribúsje Produksje The Great Escape waard regissearre troch John Sturges nei in senario fan James Clavell en W.R. Burnett op basis fan it non-fiksjeboek The Great Escape. Dat wie yn 1950 skreaun troch Paul Brickhill, in Britske loftmachtpiloat dy't yn 'e Twadde Wrâldoarloch sels yn Stalag Luft III finzen sitten hie en in hiel lyts oandiel yn 'e tarieding foar de echte grutte ûntsnapping hân hie. Sturges wie net inkeld as regisseur, mar ek as produsint by de film belutsen, foar de filmstudio The Mirisch Company. Foar de film wie in budget beskikber fan $3,8 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Daniel L. Fapp, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Elmer Bernstein.
Casting Akteurs Steve McQueen, Charles Bronson en James Coburn hiene earder mei regisseur John Sturges gearwurke yn 'e western The Magnificent Seven (1960). De Ingelsman Richard Attenborough, dy't yn 'e Twadde Wrâldoarloch echt by de RAF tsjinne hie, briek mei syn haadrol yn The Great Escape foar it earst troch yn 'e Feriene Steaten.
Hannes Messemer, dy't de rol fan kampkommandant Von Luger fertolke, hie yn 'e oarloch oan it Eastfront fochten, dêr't er kriichsfinzen nommen wie troch de Russen. Hy wie lykwols ûntsnapt, en hoewol't er in skotwûne oprûn, liet er him net wer fange. Messemer berikte nei in tocht fan hûnderten kilometers rinnende syn heitelân Dútslân, dêr't er him oerjoech oan 'e Britten. Hy waard dêrnei twa jier lang kriichsfinzen holden yn Londen en learde yn dy tiid Ingelsk te sprekken.