De blauboarsttangare (Tangara cyanoventris) is in fûgelsoarte yn it skaai echte tangaren (Tangara) út de famylje tangarefûgels (Thraupidae). It is in endemyske fûgel fan Brazylje.
Beskriuwing thumb|left|Fûgel yn it Nasjonaal park Itatiaia. De blauboarsttangare is in lytse tangare mei felle kleuren. De fûgel ûnderskiedt him troch syn giele kop, mei swart om 'e snaffel en in swart plakje op 'e kiel. It boarst is ljochtblau en de búk giet nei grien oer. De rêch is giel en swart streke en op 'e wjukken en sturt wurdt it giel ferfongen troch felgrien.
Fersprieding De fûgel komt foar yn súdeastlik Brazylje (súdlik Bahia en súdeastlik Minas Gerais oant eastlik São Paulo) en wurdt as monotypysk behannele, dat wol sizze dat der gjin ûnderferdieling yn ûndersoarten is.
Hâlden en dragen Blauboarsttangaren libje yn berchwâlden en jonge bosken en wurde meastentiids yn pearkes of lytse groepkes heech yn 'e beammen of krekt derûnder waarnommen, faak as ûnderdiel fan trekkende mingde keppels.
Status De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet, mar der wurdt tocht dat de oantallen ôfnimme, mar net bot genôch om de fûgel as bedrige te beskôgjen. De Ynternasjonale Uny foar it Behâld fan 'e Natuer (IUCN) klassifisearre de soarte as net bedrige (LC, 2024) op 'e Reade list.
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Echte tangare Kategory:Lânseigen fauna yn Brazylje