De glânsplaktangare (Tangara dowii) is in fûgelsoarte yn it skaai echte tangaren (Tangara) út de famylje tangarefûgels (Thraupidae).

Beskriuwing De glânsplaktangarer is in lyts en aktyf lid fan 'e famylje. It hat in karakteristike oranje búk, kobaltblauwe wjukken en turkwaze plakken op it boarst, it wang en yn 'e nekke. It gesicht is ek swart. Mantsjes en wyfkes binne oan inoar allyk.

Fersprieding thumb|left|Fûgle yn Monteverde, Kosta Rika. De fûgel komt foar yn 'e bercheftige reinwâlden fan Kosta Rika en westlik Panama foar. De glânsplaktangare wurdt as monotypysk behannele, dat wol sizze dat de soarte net ûnderferdield is yn ûndersoarten.

Hâlden en dragen De glânsplaktangare wurdt yn bosken en boskrânen oantroffen en faak yn pearkes of yn migrearjende mingde keppels mei oare soarten waarnommen. Se ite fruchten.

Status Alhoewol't it ferspriedingsgebiet beheind is en tocht wurdt dat de oantallen fan 'e soarte ôfnimt, beskôget de Ynternasjonale Uny foar it Behâld fan 'e Natuer (IUCN) de soarte as net bedrige. It oantal wurdt op likernôch 50.000 oant in heal miljoen folwoeksen fûgels rûsd.

Namme De wittenskiplike soartenamme fan 'e fûgel is ta eare fan John Melmoth Dow (1827-1892), in Amerikaanske kaptein, ûntdekkingsreizger, natuerkundige en samler fan eksimplaren.

Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Echte tangare Kategory:Lânseigen fauna yn Kosta Rika Kategory:Lânseigen fauna yn Panama