De goudeartangare (Tangara chrysotis) is in fûgelsoarte yn it skaai echte tangaren (Tangara) út de famylje tangarefûgels (Thraupidae).

Beskriuwing thumb|left|Fûgel yn Prusia, Perû. De goudeartangare wurdt likernôch 14 sm en 23 oant 25,5 gram swier. De namme komt fan 'e goudgiele eardekveren, dy't oan 'e ûnderkant begrinze wurde troch in swarte, snor-eftige stripe. De giele kop hat in swart gesichtsmasker en in swarte kroan. De kiel is ljochtgiel, it boarst en flanken binne turkwaze en de búk is readbrún. De fearren op 'e rêch binne swart mei griene plakken, de grutte fearren fan 'e wjukken en de sturtfearren binne swart mei griene seamen. Tusken de skaaien is hast gjin ferskil wat kleur oanbelanget; wyfkes binne wat bleken.

Fersprieding It ferspriedingsgebiet fan 'e soarte leit fral yn 'e bercheftige kriten fan Súd-Kolombia oer Ekwador en Perû oant noardlik Bolivia. De goudeartangare libbet yn dizewâlden, boskrânen en berchhellingen op hichten tusken 760 en 2400 meter.

Hâlden en dragen De fûgels ite benammen fruchten. By it sykjen nei iten binne de fûgels hieltiten yn beweging en se ite de fruchten en beien meast mei de kop nei ûnderen. Faak wurdt iten socht yn 'e toppen fan hege beammen op hichten tusken tsien en tritich meter boppe de grûn. De soarte libbet allinnich, yn pearkes of yn lytse groepkes fan maksimaal fjouwer yndividuën, somtiden yn selskip mei oare tanagersoarten. Der is net in soad bekend oer it briedgedrach.

Status De gieleartangare is net seldsum yn beskerme gebieten en nasjonale parken en wurdt dêrom troch de Ynternasjonale Uny foar it Behâld fan 'e Natuer (IUCN) klassifisearre as net bedrige (LC, 2024). Bûten de beskerme gebieten wurdt fanwegen it ferlies oan biotoop in delgong fan 'e soarte konstatearre.

Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Echte tangare Kategory:Lânseigen fauna yn Bolivia Kategory:Lânseigen fauna yn Ekwador Kategory:Lânseigen fauna yn Kolombia Kategory:Lânseigen fauna yn Perû