De opaalkroande tangare (Tangara callophrys) is in fûgelsoarte yn it skaai echte tangaren (Tangara) út de famylje tangarefûgels (Thraupidae).
Beskriuwing thumb|left|Opaalkroande tangare. De opaalkroande tanager is in foar it measte blau en swarte fûgel mei in rjemmewite kroan op 'e kop en rjemmewite plakken op 'e stút . De opaalstúttanagar (Tangara velia) liket op 'e soarte, mar dy hat gjin rjemmewite kroan en gjin blauwe mar in reade ûnderbúk.
Fersprieding De fûgel komt fan it súdeasten fan Kolombia, it easten Ekwador en Perû oant it noarden fan Bolivia en it westlike Amasônegebiet fan Brazylje foar. De soarte wurdt as monotypysk behannele, itjinge sizze wol dat de fûgel net yn ûndersoarten ferdield is.
Status De opaalkroande tangare hat in grut ferspriedingsgebiet. Oannommen wurdt dat de fûgel yn oantal ôfnimt, mar net sa bot dat de fûgel bedrige wurdt. De IUCN klassifisearret de fûgel as net bedrige (LC, 2024) op 'e Reade list.
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Echte tangare Kategory:Lânseigen fauna yn Bolivia Kategory:Lânseigen fauna yn Ekwador Kategory:Lânseigen fauna yn Brazylje Kategory:Lânseigen fauna yn Kolombia Kategory:Lânseigen fauna yn Perû