Die verlorene Ehre der Katharina Blum, oder: Wie Gewalt entstehen und wohin sie führen kann (Dútsk foar: "De ferlerne eare fan Katharina Blum, of: Hoe't geweld ûntstiet en wêr't it liede kin") is in roman troch 'e Dútske skriuwer Heinrich Böll, skreaun yn 1974. It boek is ien fan syn meast lêzen romans.

Ynhâld De roman beskriuwt hoe't in oars ûnbekende frou it ûnderwerp wurdt fan tabloid omtinken as se in relaasje begjint mei in krimineel. Op it lêst deadet se in ferslachjouwer dy't har gek makket.

Yn in foaropwurd by it boek skriuwt Heinrich Böll: "De personaazjes en plot yn dit boek binne frij útfûn. Mochten bepaalde sjoernalistike praktiken yn it boek lykje op dy brûkt yn 'e Bildskrante, dan is dat noch opsetlik noch tafallich, mar earder ûnûntkomber."

Wurdearring Volker Schlöndorff en Margarethe von Trotta makken yn 1975 in film fan it boek. Der binne ek harkspullen fan makke. Die verlorene Ehre der Katharina Blum waard yn 1999 opnaam yn Le Monde's 100 boeken fan de iuw.

Kategory:Literêr wurk fan Heinrich Böll Kategory:Dútsktalige roman Kategory:Roman út 1974 Kategory:Literatuer oer moard Kategory:Literatuer oer terrorisme Kategory:Literatuer oer anty-kommunisme Kategory:Literatuer oer stalking Kategory:Literatuer oer in sjoernalist of ferslachjouwer