Paus Leo XIV, bêrne as Robert Francis Prevost (Chicago, 14 septimber 1955) is de 267e paus fan de Roomsk-Katolike Tsjerke. Neist de Amerikaanske nasjonaliteit hat er ek de Perûviaanske nasjonaliteit.
As lid fan de oarder der Augustinen brocht er in grut part fan syn libben troch yn Perû, dêr't er ûnder oare biskop fan it bisdom Chiclayo wie. Prevost is doktor yn it tsjerklik rjocht en gou ûnder paus Fransiskus as in kundich bestjoerder, ûnder oaren as prefekt fan it Dicastearje foar de Bisskoppen.
Libbensrin Prevost studearre wiskunde oan de Villano-universiteit, dêr't er yn 1977 in bachelor behelle. Yn 1978 kaam er yn by de oarder fan'e Augustinen, dêr't er yn 1981 syn plechtige geloften ôflei. Hy waard op 19 juny 1982 pryster wijd. Dêrnei studearre er tsjerklik rjocht oan de pauslike universiteit Sint Thomas fan Aquino yn Rome, dêr't er yn 1985 ôfstudearre.
Fan 1985 oant 1998 wie Prevost wurksum foar de missy fan de Augustiner oarder yn Perû. Hy dosearre tsjerklik rjocht oan it Augustiner seminary yn Trujillo, dêr't er ek wurksum wie as prefekt. Yn 1998 kaam Prevost werom nei de Feriene Steaten, dêr't er yn Chicago oerste waard fan de oarder fan'e Augustinen. Fan 2002 oant 2014 wie er prior-generaal fan syn oarder.
Op 3 novimber 2014 waard Prevost beneamd as apostolysk administrateur fan it bisdom Chiclayo yn Perû, en ta titulêr biskop fan Sufar. Syn biskopswijing fûn plak op 12 desimber 2014. Op 26 septimber 2015 folge syn beneaming ta biskop fan Chiclayo. Hy wie ek lid fan de Kongregaasje foar de Clerus (2019-2020) en fan de Kongregaasje foar de Biskoppen (2020-2023).
Op 30 jannewaris 2023 waard Prevost beneamd as prefekt fan de Dicastearje foar de Biskoppen, hy waard tagelyk amtswegen presidint fan de Pauslike Kommisje foar Latynsk-Amearika. Hy waard ek beneamd ta aartsbiskop.
Prevost waard yn it konsistoarje fan 30 septimber 2023 kardinaal kreëarre. Hy krige de rang fan kardinaal-diaken. Syn titeldiakony waard de Santa Monica. Op 6 febrewaris 2025 waard er beneamd ta kardinaal-biskop fan it suburbikêr bisdom Albano.
Yn de jûn fan 8 maaie 2025 waard Prevost troch de kardinalen oant 267e paus keazen. Hy naam de namme Leo XIV oan. Syn earste taspraak as paus fan it balkon fan de Sint-Pitersbasilyk ôf begûn er mei de wurden "De frede binne mei jo allegear."
Kategory:Paus Kategory:Amerikaansk aartsbiskop Kategory:Roomsk-katolyk aartsbiskop Kategory:Amerikaansk kardinaal Kategory:Amerikaansk teolooch Kategory:Amerikaansk humanist Kategory:Perûviaansk aartsbiskop Kategory:Roomsk-katolyk aartsbiskop Kategory:Perûviaansk kardinaal Kategory:Perûviaansk teolooch Kategory:Perûviaansk humanist Kategory:Amerikaansk persoan fan Frânsk komôf Kategory:Amerikaansk persoan fan Italjaansk komôf Kategory:Amerikaansk persoan fan Spaansk komôf Kategory:Amerikaansk persoan fan Haïtiaansk komôf Kategory:Amerikaansk geastlike fan Afro-Amerikaansk komôf Kategory:Persoan fan Louisiaansk-Kreoalsk komôf Kategory:Perûviaansk persoan fan Amerikaansk komôf Kategory:Perûviaansk persoan fan Frânsk komôf Kategory:Perûviaansk persoan fan Italjaansk komôf Kategory:Perûviaansk persoan fan Spaansk komôf Kategory:Perûviaansk persoan fan Haïtiaansk komôf Kategory:Perûviaansk geastlike fan Afrikaansk komôf Kategory:Persoan berne yn 1955