De smaragdtangare (Tangara florida) is in sjongfûgelsoarte yn it skaai echte tangaren út de famylje tangarefûgels (Thraupidae).
Beskriuwing thumb|left|Smaragdtangare yn Kosta Rika. De fûgel is in middelgrutte soarte yn it skaai mei in lingte fan 10,6 oant 13 sm en in gewicht fan 18 oant 20,5 gram en ûnderskiedt him troch in heldergrien fearrekleed mei swarte streken op 'e rêch en wjukken en in swart earplak en wat swart by de ek swarte snaffel. Op 'e krún en de stút sitte ek giele fearkes. De wyfkes binne wat doffer en skaaie op 'e kop wat mear oer nei it gielgrien.
Fersprieding De soarte wurdt ferdield yn twa ûndersoarten:
Tangara florida florida: Kosta Rika en westlik Panama. Tangara florida auriceps: fan eastlik Panama oant noardwestlik Ekwador.
De Smaragdtangare libbet yn fochtige bosken en boskrânen oant in hichte fan 900 m.
Hâlden en dragen De fûgels ite foar it grutste part fruchten. It nêst bestiet foar in grut part út moas en wurdt yn 'e maitiid yn lytse beammen fan heechút 12 m boud.
Status Neffens in rûge rûzing út 2019 bestiet de hiele populaasje út 50.000 oant 500.000 fûgels. De fersprieding fan 'e soarte is wat fragmintearre, mar op 'e plakken dêr't er foarkomt is de fûgel frij algemien. Oannommen wurdt dat de populaasje tebekrint, mar net yn in mjitte dat de fûgel bedrige wurdt. De IUCN klassifisearret de soarte dêrfandinne as net bedrige op 'e Reade list.
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Echte tangare Kategory:Lânseigen fauna yn Ekwador Kategory:Lânseigen fauna yn Kolombia Kategory:Lânseigen fauna yn Kosta Rika Kategory:Lânseigen fauna yn Panama