De readstúttangare (Ramphocelus passerinii) is in sjongfûgel út de famylje tangarefûgels (Thraupidae). It is ien fan 'e njoggen soarten yn it skaai holsnaffeltangaren (Ramphocelus).

Beskriuwing De fûgel wurdt likernôch 16 sm lang en weaget trochstrings 31 gram. Mantsjes binne fluwielswart mei in skarlakenreade boppestút en ha in sulverkleurige snaffel en in donkerread each. It wyfkes sjocht der hiel oars út en hat oliifkleurige boppedielen, brúngrize wjukken en in okerkleurige búk mei in grize kop en in blauwite snaffel.

Verspreiding en leefgebied Dizze soarte komt yn Sintraal-Amearika fan Meksiko oant it westen fan Panama foar. Der wurde twa ûndersoarten ûnderskieden:

Ramphocelus passerinii passerinii: Meksiko (súdeastlik Veracruz en noardeastlik Oaxaca) oant West-Panama. Ramphocelus passerinii costaricensis: it súdlike part fan Kosta Rika (Puntarenas) en West-Panama.

De Ramphocelus passerinii costaricensis wie earder in aparte soarte, mar út in yn 2017 publisearre ûndersyk die bliken dat de fûgel in ûndersoarte is fan 'e readstúttangare.

De soarte komt yn healiepen tropysk bosk foar, by boskrânen, yn plantaazjes, jong bosk en tunen oant in hichte fan 1700 m.

Hâlden en dragen Se wurde faak yn pearkes of lytse groepkes waarnommen en meitsje in soad leven. Se ite lytse fruchten, ynsekten en spinnen. It nêst wurdt oant 6 m heech boud yn in beam. In lechsel bestiet út twa aaien.

Status De readstúttangaren ha in grut ferspriedingsgebiet. Oannommen wurdt dat de oantallen tanimme. De IUCN beöardielet de soarte dêrfandinne as net bedrige (LC). De populaasje wurdt op in heal oant fiif miljoen folwoeksen fûgels rûsd (2022).

Kategory:Holsnaffeltangare Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Lânseigen fauna yn Belize Kategory:Lânseigen fauna yn Kosta Rika Kategory:Lânseigen fauna yn Gûatemala Kategory:Lânseigen fauna yn Hondoeras Kategory:Lânseigen fauna yn Meksiko Kategory:Lânseigen fauna yn Nikaragûa Kategory:Lânseigen fauna yn Panama