De pappegaaitangare of griene berchtangare (Chlorornis riefferii) is in sjongfûgel út de famylje tangarefûgels (Thraupidae). It is de iennige soarte yn it skaai Chlorornis.
Beskriuwing De soarte is in grutte tangarafûgel mei in hast folslein helder grien fearrekleed, in reade snaffel en reade poaten en in readbrún gesicht en readbrune ûndersturtdekfearren.
Fersprieding Pappegaaitangaren libje yn 'e subtropyske en tuskenbeide sônes fan 'e Andes en binne dêr frij algemien yn berchbosken of boskrânen op hichten tusken 1800 en 2800 m. Meastentiids binne se allinnich of yn pearkes yn groepen fan ferskillende soarten te sjen.
De soarte bestiet út fiif ûndersoarten:
Chlorornis riefferii riefferii: Kolombia en Ekwador. Chlorornis riefferii dilutus: Noar-Perû. Chlorornis riefferii elegans: Sintraal-Perû. Chlorornis riefferii celatus: Súd-Perû. Chlorornis riefferii bolivianus: West-Bolivia.
Status De fûgel hat in grut ferspriedingsgebiet, mar oannommen wurdt dat de oantallen ôfnimme. De IUCN beskôget de soarte lykwols as net bedrige (LC, 2018).
Namme De wittenskiplike namme fan 'e fûgel ferwiist nei Gabriel Rieffer, in Frânske ûntdekkingsreizger en samler fan fûgels.
Kategory:Pappegaaitangare Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Lânseigen fauna yn Bolivia Kategory:Lânseigen fauna yn Ekwador Kategory:Lânseigen fauna yn Kolombia Kategory:Lânseigen fauna yn Perû