De fjoerrêchtangare (Ramphocelus flammigerus) is in sjongfûgel út de famylje tangarefûgels (Thraupidae). It is ien fan 'e njoggen soarten yn it skaai holsnaffeltangaren (Ramphocelus).

Beskriuwing De fûgel wurdt likernôch 19 sm lang. Der is in opfallend seksuëel dimorfisme. De mantsjes fan 'e nominaatfoarm ha in fluwielswart fearrekleed mei in fjoerread gebiet op 'e rêch. Wyfkes ha brune boppedielen mei donkere plakken en binne fan ûnder giel mei hjir en dêr oranje. By de mantsjes fan 'e ûndersoarte Ramphocelus flammigerus icteronotus is it fjoerreade gebiet op 'e rêch felgiel. By de wyfkes dêrfan binne de giele dielen ûnder ljochter.

Fersprieding De fûgel wurdt ornaris yn twa ûndersoarten ferdield:

Ramphocelus flammigerus flammigerus Ramphocelus flammigerus icteronotus

De ûndersoarte mei de grutste fersprieding, de R. icteronotus, libbet yn 'e Tumbes-Chocó-Magdalena yn Panama, Kolombia, Ekwador en Perû en wurdt ek wol as de sitroenrêchtangare (R. icteronotus) as in aparte soarte behannele. It is lykwols bekend dat dy soarte hybridisearret mei de nominaatfoarm út de Caucadellling yn Kolombia.

Se wurde regelmjittich waarnommen en binne algemien op iepen plakken mei strûken, by boskrânen, tunen en plantaazjes oant in hichte fan 2000 m boppe seenivo.

Ferskillen ûndersoarten Undersoarte Mantsje Wyfke Fersprieding flammigerus 120px 120px Kolombia icteronotus 120px 120px Panama, Kolombia, Ekwador en Perû Status De fjoerrêchtangare profitearret fan 'e houtkap en it ferdwinen fan bosk en oannommen wurdt dat de oantallen dêrom groeie. Dêrfandinne stiet de soarte op 'e Reade list fan 'e IUCN as net bedrige klassifisearre.

Kategory:Holsnaffeltangare Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Lânseigen fauna yn Ekwador Kategory:Lânseigen fauna yn Kolombia Kategory:Lânseigen fauna yn Panama Kategory:Lânseigen fauna yn Perû