De readkraachtangare (Ramphocelus sanguinolentus) is in sjongfûgel út de famylje tangarefûgels (Thraupidae). It is ien fan 'e njoggen soarten yn it skaai holsnaffeltangaren (Ramphocelus), wêrfan't de mantsjes in wyteftich oant blaugriis plak op 'e ûndersnaffel ha (by wyfkes is dat by in oantal soarten folle minder).

Beskriuwing De fûgel is fluwielswart en hat in glânzgjende karmozynreade kraach en stút. Mantsjes en wyfkes binne gelyk.

Fersprieding De soarte bestiet út twa ûndersoarten:

Ramphocelus sanguinolentus: fan súdeastlik Meksiko oant Hondoeras. Ramphocelus sanguinolentus: fan eastlik Hondoeras oant noardwestlik Panama.

Status De populaasje wurdt op 500.000 oant 5.000.000 fûgels rûsd. Oannommen wurdt dat de soarte yn oantal ôfnimt. De IUCN klassifisearret de fûgel dêrfandinne as net bedrige (LC, 2021) op 'e Reade list.

Kategory:Holsnaffeltangare Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Lânseigen fauna yn Belize Kategory:Lânseigen fauna yn Kosta Rika Kategory:Lânseigen fauna yn Gûatemala Kategory:Lânseigen fauna yn Hondoeras Kategory:Lânseigen fauna yn Meksiko Kategory:Lânseigen fauna yn Nikaragûa Kategory:Lânseigen fauna yn Panama