De Basisregistraasje Adressen en Gebouwen (BAG) is de namme foar in Nederlânske Basisregistraasje. Dy bestie ynearsten út twa basisregistraasjes, nammentlik de Basisregistraasje adressen (BRA) en de Basisgebouweregistraasje (BGR), mar troch in wizigingswet fan 24 febrewaris 2017 binne se gearfoege.Staatsblad van het Koninkrijk der Nederlanden. Wet van 10 februari 2017 tot wijziging van de Wet basisregistratie adressen en gebouwen en enige andere wetten in verband met modernisering en vereenvoudiging van de registratie en het toezicht, 24 febrewaris 2017.
Basiswet foar registraasje fan adressen en gebouwen De Wet basisregistraasje adressen en gebouwen, Wet BAG, ek wol Wet bag, regelet dat de gemeenteried it grûngebiet fan de gemeente yndielt yn ien of mear wenplakken en dat gemeenten in tal basisgegevens oer gebouwen en adressen byhâlde yn ien automatisearre systeem. Alle oerheidsorganen moatte dy gegevens ferplichte brûke by it útoefenjen fan harren publykrjochtlike taken.
Ynhâld thumb| BAG-wenplakken - Gemeente Kapelle De gemeenten moatte gegevens byhâlde oer in tal soarten objekten:
wenplak iepenbiere romte: meastal de strjitte of in plein, soms de wyk nûmeroantsjutting: meastal gewoan in getal, en yn alle gefallen dan oerienkommend mei it begryp húsnûmer. pân: boukundige ienheid. lisplak: plak foar it permanint ôflizzen fan in fartúch stânplak 'wenobjekt': gebrûksienheid binnen gebou(wen).
Dy begripen wurde neamd yn kêst 1 fan'e wet. In adres is in kombinaasje fan wenplak, 'iepenbiere romte' en nûmeroantsjutting. As de 'iepenbiere romte' de wyk is, dan binne der of hielendal gjin strjitnammen, of der binne strjitnûmers (net apart yn de BAG) en in nûmeroantsjutting besteande út dat nûmer folge troch it folchnûmer binnen de strjitte. Under húsnûmer soe men de hiele nûmeroantsjutting of it twadde part derfan ferstean kinne. Dêrby soene se oanslute kinne by wat by de doarren oanjûn stiet. Sjoch ek ôfwikende adresseringen.
Elk wenobjekt, lisplak en stânplak hat (of krijt) in adres. Wat der oer de ôfsûnderlike objekten as wenplakken en gebouwen fêstlein wurde moat, stiet yn 'e BAG-katalogus.
Utfiering It Kadaster beheart de Landelijke Voorziening voor de BAG (LV BAG).Kadaster. Basisregistratie Adressen en Gebouwen - BAG. De gemeenten leverje dêr harren gegevens oan, sadat de gegevens fan dêrút ferliend wurde kinne oan brûkers. Gegevens wurde yn XML-foarm oanlevere en jout yn sawol XML-foarm as GML-foarm. Dêrneist is it foar elkenien mooglik om fia de BAG Viewer de BAG te rieplachtsjen.
Kategory:Kadaster Kategory:Oerheid fan Nederlân Kategory:Yntroduksje út 2017