De swelletangare (Tersina viridis) is in sjongfûgel út de famylje tangarefûgels (Thraupidae). It is de iennige soarte yn it skaai swelletangarefûgels (Tersina).
Beskriuwing thumb|left|Wyfke. De swelletangare wurdt 15 sm lang. It fearrekleed fan it mantsje is turkoaisk mei in wite búk en in swart masker mei swarte dwersstreekjes op 'e flanken. It wyfke dêrfoar oer is grien mei in ljochtere giele búk en flanken mei in skobbich patroan. Beide fûgels ha reade eachjes.
Hâlden en dragen De fûgels libje yn pearkes of yn kloften fan mear fûgels.
Fersprieding De soarte libbet yn dielen fan 'e noardlike helte fan Súd-Amearika yn subtropysk en tropysk bosk en plantaazjes oant in hichte fan 1500 m. Der binne trije ûndersoarten:
Tersina viridis grisescens: komt foar yn it Santa Marta-berchtme (noardeastlik Kolombia) Tersina viridis occidentalis: komst foar yn eastlik Panama, Fenezuëla oant nei it easten yn Frânsk-Guyana, noardlik Bolivia en noardlik Brazylje. Tersina viridis viridis: komt foar fan East-Bolivia oant Paraguay, East-Brazylje en Noardeast-Argentynje.
Status Neffens in rûge rûzing fan 2022 bestiet de populaasje út 5.000.000 oant 50.000.000 folwoeksen fûgels. De fûgelsoarte hat in grut ferspriedingsgebiet, komt aardich algemien foar en oannommen wurdt dat de populaasje stabyl is. De IUCN klassifisearret de fûgel op 'e Reade list as net bedrige (2023).
Kategory:Tangarefûgel Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Lânseigen fauna yn Argentynje Kategory:Lânseigen fauna yn Bolivia Kategory:Lânseigen fauna yn Brazylje Kategory:Lânseigen fauna yn Kolombia Kategory:Lânseigen fauna yn Ekwador Kategory:Lânseigen fauna yn Frânsk-Guyana Kategory:Lânseigen fauna yn Guyana Kategory:Lânseigen fauna yn Panama Kategory:Lânseigen fauna yn Paraguay Kategory:Lânseigen fauna yn Perû Kategory:Lânseigen fauna yn Suriname Kategory:Lânseigen fauna yn Trinidad en Tobago Kategory:Lânseigen fauna yn Fenezuëla