De Tsjerke fan 'e Trije Beliders, ek de Opstanningstsjerke (Russysk: церковь Воскресения Христова, церковь Трёх Исповедников), is in tsjerkegebou yn Tver, Ruslân. De tsjerke stiet op 'e lofter igge fan 'e Wolga en falt ûnder it russysk-otterdokse bisdom Tver. Yn 1955 waard foar de tsjerke in monumint foar Afanasi Nikitin oprjochte.
De stiennen tsjerke mei klokketoer waard yn 'e jierren 1728-1731 boud en ferfong twa âlde, ferfallen houten tsjerken by de brêge oer de Wolga: ien dy't wijd wie oan 'e opstanning fan Kristus en ien oan 'e trije martlers fan Edessa, Gûria, Samon en Aviv. Yn 1815-1822 waard in súdlike kapel neffens in ûntwerp fan Karl Rossi mei finansjele stipe fan 'e boargemaster oan 'e tsjerke tafoege. Nei de revolúsje fan 1917 waard de tsjerke sletten, de boppeste twa ferdjippingen fan 'e klokketoer waarden sloopt en de fresko's ferneatige. De tsjerke wie in monumint en waard net ôfbrutsen, mar krige ferskillende funksjes fan in sûnenssintrum oant in klubgebou foar dammers.
De tsjerke waard yn 1996 wer oerdroegen oan 'e Russysk-Otterdokse Tsjerke. Sûnt 1997 fine der wer fieringen plak. De klokketoer waard yn it ramt fan 870-jierrich jubileum fan 'e stêd de klokketoer rekonstruearre.
De Beliderstsjerke is de iennige tsjerke dy't de stilen barok, klassisisme en empire kombinearret.
Kategory:Tsjerkegebou yn Tver Kategory:Bouwurk út 1731 Kategory:Eastersk-otterdoks tsjerkegebou