De Sulverbektangare (Ramphocelus carbo) is in sjongfûgel út de famylje tangarefûgels (Thraupidae). It is ien fan 'e njoggen soarten yn it skaai (Ramphocelus), wêrfan't de mantsjes in wyteftich oant blaugriis plak op 'e ûndersnaffel ha (by wyfkes is dat folle minder).

Beskriuwing By de readswarte mantsjes falt de sulverkleurige snaffel op. Wyfkes binne kastanjebrún en ha in minder opfallende dofgrize snaffel.

Fersprieding Der wurde acht ûndersoarten ûnderskieden mei de folgjende fersprieding:

Ramphocelus carbo carbo – fan Súdeast-Kolombia oant Guyana, East-Perû en Noard-Brazylje. Ramphocelus carbo unicolor – it begjin fan 'e eastlike Andes oant East-Kolombia (Cundinamarca en Meta). Ramphocelus carbo magnirostris – Trinidad, mei út en troch waarnimmingen yn it noardeasten fan Fenezuëla. Ramphocelus carbo venezuelensis – East-Kolombia en West-Fenezûëla. Ramphocelus carbo capitalis - noardeast Fenezuëla (fan Noardeast-Anzoátegui oant Súdeast-Monagas, Amacurodelta). Ramphocelus carbo connectens – fan Súdeast-Perû (Cuzco) oant Noardwest-Bolivia (Río Beni). Ramphocelus carbo atrosericeus – noardlik en eastlik Bolivia. Ramphocelus carbo centralis – eastlik Sintraal Brazylje en oangrinzgjend eastlik Paraguay.

De fûgel libbet yn tropysk en subtropysk bosk, boskrânen, plantaazjes, degradearre bosk en ek yn bewenne gebieten mei grien. De fûgels binne aktyf yn strûken, strewellen of oare tichte begroeiïng.

Status De Sulverbektangare hat in grut ferspriedingsgebiet en de populaasje wurdt as stabyl beöardiele. Dêrfandinne hat de fûgel fan 'e IUCN de status op 'e Reade list fan net bedrige (LC, 2024).

Kategory:Holsnaffeltangare Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Lânseigen fauna yn Brazylje Kategory:Lânseigen fauna yn Bolivia Kategory:Lânseigen fauna yn Ekwador Kategory:Lânseigen fauna yn Fenezuëla Kategory:Lânseigen fauna yn Frânsk-Guyana Kategory:Lânseigen fauna yn Guyana Kategory:Lânseigen fauna yn Kolombia Kategory:Lânseigen fauna yn Paraguay Kategory:Lânseigen fauna yn Perû Kategory:Lânseigen fauna yn Suriname Kategory:Lânseigen fauna yn Trinidad en Tobago