Lesosibirsk (Russysk: Лесосибирск) is in stêd yn 'e Russyske kraj Krasnojarsk.

Geografy De stêd leit oan 'e westlike igge fan 'e rivier de Jenisej, tichteby de mûning fan 'e Angara en sa'n 460 km noardwestlik fan Krasnojarsk en 37 kilometer súdlik fan Jenisejsk. De stêd leit midden yn 'e bosken fan 'e Sibearyske taiga. It makket diel út fan it Sintraal-Sibearyske Plato, in tige rûch gebiet oant 500 m boppe de seesepegel. It klimaat yn Lesosibirsk is strang kontinintaal, mei lange, kâlde winters en koarte, waarme simmers. De gemiddelde temperatuer yn 'e winter is likernôch -22°C, wylst it simmerdeis tusken de 16 en 18°C wurdt.

Skiednis De stêd ûntstie op 21 febrewaris 1975 troch it gearfoegjen fan 'e plakken Maklakovo en Novomaklakovo. Letter, yn 1989, waard ek it doarp Novojenisejsk by it plak yndield.

Ekonomy Lesosibirsk stiet bekend as in sintrum fan 'e houtsektor yn Ruslân. De stêd hat tsientallen houtseagerijen en der is ek houtgemyske yndustry, dêr't ûnder oaren sellulose, kolofonium en terpentyn produsearre wurdt. Letterlik bestjut Lesosibirsk "houten stêd yn Sibearje".

Ferfier Lesosibirsk is de einpunt fan it spoar fan Achinsk, in ôftakking fan it Trans-Sibearyske Spoar dy't oanlein waard om de regio noardlik fan Achinsk te ûntwikkeljen foar de houtyndustry. Yn 'e iisfrije tiid spilet de Jenisej in wichtige rol yn it ferfier fan guod.

It besjen wurdich thumb|left|Krúsferheffingskatedraal. De Krúsferheffingstsjerke. De Andréastsjerke.

Musea Houtmuseum fan Lesosibirsk: in museum oer de skiednis fan 'e houtsektor yn 'e regio.

Kategory:Plak yn Krasnojarsk (kraj)