De Opstanningskatedraal (Russysk: Воскресенский собор; Voskresenski sobor) is in Russysk-otterdokse katedraal yn Tver, in sted yn Ruslân. Fan 1992 oant 2024 tsjinne de tsjerke as katedraal fan it bisdom Tver.

Skiednis De tsjerke waard yn 1914 neffens in ûntwerp fan Nikolaj Omeljûsty út Sint-Petersburch boud mei finansjele help fan it lokale Kristus-Bertekleaster en tsaar Nikolaas II yn it ramt fan it jubileum fan it 300-jierrich jubileum fan 'e Romanov-dynasty.

De tsjerke waard yn neorussyske styl boud yn 'e foarm fan in kubus mei trije apsissen en in grutte tamboer mei in helmfoarmige koepel. De arsjitektuer fan Novgorod en Pskov binne yn 'e foarmen tapast.

Yn it ramt fan 'e anty-religieuze kampanje fan Stalin waard de tsjerke yn 1936 foar de earetsjinst sletten.

De Russysk-Otterdokse Tsjerke krige de tsjerke yn 1988 werom, dy't de tsjerke yn 1992 wer iepene. By de katedraal waard op it plak fan in ferneatige kapel in kapel boud en wijd oan 'e keninklike martlers. Nei de iepening waard de Opstanningstsjerke de katedraal fan it bisdom Tver. Yn 2008 waard de katedraal restaurearre.

Kategory:Tsjerkegebou yn Tver Kategory:Katedraal yn Ruslân Kategory:Bouwurk út 1913 Kategory:Eastersk-otterdoks tsjerkegebou