De wetteriisfûgels (wittenskiplike namme: Cerylinae) foarmje in ûnderfamylje fan it skift fan 'e rôldereftigen (Coraciiformes) en de famylje fan 'e iisfûgels (Alcedinidae). Ta dizze ûnderfamylje hearre mar 9 soarten, wêrfan't de bûnte iisfûgel (Ceryle rudis) nei alle gedachten de bekendste is.

Taksonomy De wetteriisfûgels waarden as ûnderfamylje yn 1851 yntrodusearre troch de Dútske ornitolooch Ludwig Reichenbach. Se binne ien fan trije ûnderfamyljes yn 'e famylje fan 'e iisfûgels (Alcedinindae). De oare beide binne de beamiisfûgels (Halcyoninae) en de rivieriisfûgels (Alcedininae), dy't folle gruttere kloften soarten omfetsje.

Evolúsje en fersprieding Alle seis soarten iisfûgels dy't yn 'e Nije Wrâld foarkomme, hearre ta de wetteriisfûgels. Mei dêrom waard lang oannommen dat de wetteriisfûgels har as groep yn 'e Amearika's ûntwikkele hiene, mar molekulêr ûndersyk nei de bisten troch M.J. Andersen et al. yn 2017 brocht oan it ljocht dat dat mis wie. De gongbere hypoteze is no dat de wetteriisfûgels har yn Aazje ûntjoegen en dêrwei de Nije Wrâld kolonisearren. Dat diene se net ienris, mar twaris. De earste kear wie omtrint 8 miljoen jier lyn, doe't it skaai fan 'e griene iisfûgels (Chloroceryle) him nei Amearika's fersprate, en de twadde kear wie 1,9 miljoen jier lyn, doe't de lêste mienskiplike foarâlder fan 'e Amerikaanske reuze-iisfûgel (Megaceryle torquata) en de bâniisfûgel (Megaceryle alcyon) yn 'e Nije Wrâld oankaam.

Skaaimerken De wetteriisfûgels binne lytse, gnobsk boude en fel kleure fûgeltsjes mei snaffels dy't in skerpe punt hawwe en yn ferhâlding ta it lichem frij lang binne. Oars as harren sibben út 'e oare beide iisfûgelûnderfamyljes, binne wetteriisfûgels allegearre spesjalistyske piskivoaren (fiskiters). Se komme dêrom allinnich mar foar yn 'e neite fan oerflaktewetter.

Underfamylje-opbou

ûnderfamylje wetteriisfûgels (Cerylinae) skaai bûnte iisfûgels (Ceryle): 1 soarte: bûnte iisfûgel (Ceryle rudis) skaai griene iisfûgels (Chloroceryle): 4 soarten Amazône-iisfûgel (Chloroceryle amazona) griene dwerchiisfûgel (Chloroceryle aenea) griene iisfûgel (Chloroceryle americana) grienreade iisfûgel (Chloroceryle inda) skaai reuze-iisfûgels (Megaceryle): 4 soarten Afrikaanske reuze-iisfûgel (Megaceryle maxima) Amerikaanske reuze-iisfûgel (Megaceryle torquata) bâniisfûgel (Megaceryle alcyon) Sineeske reuze-iisfûgel (Megaceryle lugubris)

Kategory:Iisfûgel