De Afrikaanske dwerchiisfûgel (Ispidina picta, synonym: Ceyx pictum) is ien fan 'e twa fûgelsoarten yn it skaai Afrikaanske dwerchiisfûgels út de famylje iisfûgels (Alcedinidae).
Beskriuwing It 12 sm lange en 9 oant 16 gram swiere fûgeltsje hat in donkerblauwe rêch en wjukken en in oranje boarst. De sturt en de slachpinnen binne swart. Op 'e swarte kroan sitte blauwe streekjes. Opfallend is it oranje gesicht mei in pears-lila plak op it wang. De fûgel hat in wite kiel en in wyt plakje yn 'e nekke. It each is donkerbrún en de snaffel en de poatsjes binne read. Jonge fûgels binne doffer.
Fersprieding De soarte libbet yn it grutste part fan Afrika besuden de Sahara. Allinne yn dielen fan Súdwest-Afrika, de hoarn fan Afrika en Madagaskar komt de soarte net foar.
Der binne trije ûndersoarten:
Ispidina picta picta: fan Senegal en Gambia oant Etioopje en súdlik oant Uganda. Ispidina picta ferrugina: fan Guinee-Bissau oant westlik Uganda en súdlik oant Angoala, Sambia en noardlik Tanzania. Ispidina picta natalensis: fan súdlik Angoala oant Sintraal-Tanzania en noardlik en eastlik Súd-Afrika.
Se libje yn 'e ûndergroei fan beammen en strewellen oant op hegere gebieten as de Malachytiisfûgel. It biotoop bestiet út ticht, grienbliuwend wâld, bosken by rivieren, sompen mei stikken bosk, plantaazjes en kultuerlânskippen mei genôch grien.
Hâlden en dragen It iten bestiet út ynsekten, imerkes, libellen, wjirms en flinters en lytse wringedieren lykas kikkerts en gekko's. Nei de fangst slacht it fûgeltsje de proai op syn tûke dea om se dêrnei op te iten.
Fûgels dy't yn 'e drûge gebieten briede, trekke winterdeis nei fochtiger streken om 'e evener. Status Der binne gjin rûzings oer de grutte fan 'e populaasje. De soarte komt frij algemien foar, mar oannommen wurdt dat de soarte ôfnimt troch it ferlies fan biotoop. De IUCN klassifisearre de fûgel as net bedrige op 'e Reade List (Least Concern, 2024).
Kategory:Afrikaanske dwerchiisfûgel Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Lânseigen fauna yn Angoala Kategory:Lânseigen fauna yn Benyn Kategory:Lânseigen fauna yn Boerkina Faso Kategory:Lânseigen fauna yn Boerûndy Kategory:Lânseigen fauna yn Botswana Kategory:Lânseigen fauna yn Dzjibûty Kategory:Lânseigen fauna yn Ekwatoriaal-Guinee Kategory:Lânseigen fauna yn Eritreä Kategory:Lânseigen fauna yn Etioopje Kategory:Lânseigen fauna yn Gabon Kategory:Lânseigen fauna yn Gambia Kategory:Lânseigen fauna yn Gana Kategory:Lânseigen fauna yn Guinee Kategory:Lânseigen fauna yn Guinee-Bissau Kategory:Lânseigen fauna yn Ivoarkust Kategory:Lânseigen fauna yn Kameroen Kategory:Lânseigen fauna yn Kenia Kategory:Lânseigen fauna yn Kongo (Demokratyske Republyk) Kategory:Lânseigen fauna yn Kongo (Republyk) Kategory:Lânseigen fauna yn Libearia Kategory:Lânseigen fauna yn Madagaskar Kategory:Lânseigen fauna yn Malawy Kategory:Lânseigen fauna yn Maly Kategory:Lânseigen fauna yn Mauretaanje Kategory:Lânseigen fauna yn Mozambyk Kategory:Lânseigen fauna yn Namybje Kategory:Lânseigen fauna yn Nigearia Kategory:Lânseigen fauna yn Niger Kategory:Lânseigen fauna yn Rûanda Kategory:Lânseigen fauna yn Sambia Kategory:Lânseigen fauna yn Senegal Kategory:Lânseigen fauna yn Sierra Leöane Kategory:Lânseigen fauna yn Simbabwe Kategory:Lânseigen fauna yn de Sintraal-Afrikaanske Republyk Kategory:Lânseigen fauna yn Somaalje Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Afrika Kategory:Lânseigen fauna yn Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Swazylân Kategory:Lânseigen fauna yn Tanzania Kategory:Lânseigen fauna yn Togo Kategory:Lânseigen fauna yn Tsjaad Kategory:Lânseigen fauna yn Uganda