De brúnkopdwerchiisfûgel (Ispidina lecontei, synonym: Ceyx lecontei) is ien fan 'e twa fûgelsoarten yn it skaai Afrikaanske dwerchiisfûgels út de famylje iisfûgels (Alcedinidae).
Beskriuwing De soarte is in lyts iisfûgeltsje mei in oranje snaffel, in kanielkleurich kopke, in wyt streekje yn 'e nekke, in wite kiel en in oranje ûnderkant, in swarteftich gesicht mei in oranje plakje by de snaffel, donkerblauwe wjukken en in donkerblauwe sturt. By genôch ljocht is by it ear in pears plak mei in wite râne te sjen.
Fersprieding De soarte komt fan Sierra Leöane oant it noarden Kongo-Kinsjasa, it westen fan Uganda en it noarden fan Angoala. Der binne twa ûndersoarten bekend:
Ispidina lecontei ruficeps – fan Sierra Leöane oant Gana. Ispidina lecontei lecontei – fan súdlik Nigearia oant Súdwest-Sûdan, Uganda en sintraal de Demokratyske Republyk Kongo; ek yn Sintraal-Angoala.
It fûgeltsje is benammen yn 'e ûndergroei fan bosk en strewellen te sjen.
Status De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet, mar oannommen wurdt dat de oantallen stadichoan ôfnimme. De IUCN beskôget de soarte as net bedrige (LC, 2024).
Namme De wittenskiplike soartenamme fan 'e fûgel is in earbetoan oan 'e Amerikaanske soölooch en botanikus John Eatton LeConte (1784-1860).
Kategory:Afrikaanske dwerchiisfûgel Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Lânseigen fauna yn Angoala Kategory:Lânseigen fauna yn Kameroen Kategory:Lânseigen fauna yn de Sintraal-Afrikaanske Republyk Kategory:Lânseigen fauna yn Kongo (Republyk) Kategory:Lânseigen fauna yn Kongo (Demokratyske Republyk) Kategory:Lânseigen fauna yn Ivoarkust Kategory:Lânseigen fauna yn Gabon Kategory:Lânseigen fauna yn Gana Kategory:Lânseigen fauna yn Ekwatoriaal-Guinee Kategory:Lânseigen fauna yn Guinee Kategory:Lânseigen fauna yn Libearia Kategory:Lânseigen fauna yn Nigearia Kategory:Lânseigen fauna yn Sierra Leöane Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Uganda