De platsnaffeliisfûgel (Todiramphus recurvirostris) is in fûgelsoarte fan it skaai todysnaffeliisfûgels (Todiramphus) út de famylje iisfûgels (Alcedinidae).

Beskriuwing thumb|left|Todiramphus recurvirostris(John Gerrard Keulemans). Platsnaffeliisfûgels ha blauwe wjukken, in grienblauwe rêch, in blauwe kroan mei in wyteftige plak tusken it each en de snafffel, dat boppe it each as in smel wynbraustreekje troch giet. De kraach, it boarst en de búk binne wyt mei in krêmkleurige tint. De lokale ûndersoarte fan 'e Pasifyske iisfûgel is te ûnderskieden troch it gruttere formaat, de dikkere snaffel en de wite dielen dy't gjin krêmkleurige tint ha.

Fersprieding De soarte is endemysk yn Samoä, in lân yn Polyneezje. Tropyske en subtropyske bosken fan it leechlân foarmje it optimale leefgebiet fan 'e platsnaffeliisfûgel, mar hy wit him ek te rêden yn parken en in agraryske omjouwing.

Status Hoe grut de populaasje likernôch is, is ûnbekend, mar de soarte soe algemien foarkomme. Ek binne der gjin gegevens oer de trend bekend. De fûgel hat in beheind ferspriedingsgebiet. Op 'e Reade list fan 'e IUCN stiet de soarte as net bedrige (LC, 2024) klassifisearre.

Kategory:Todysnaffeliisfûgel Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Lânseigen fauna yn Samoä