200px|right Pieter Boddaert (Middelburg, 26 maaie 1733 – Utert, 6 maaie 1795) Masi, Alberto. "Neornithes: nomina avium - Author A-C". Scricciolo.com. wie in Nederlânsk genêshear en natuerûndersiker.

Libben en wurk Boddaert wie de soan fan in Middelboarchske jurist en dichter mei deselde namme (1694-1760). De jongere Pieter helle syn M.D. oan de Universiteit fan Utert yn 1764.

Hy waard dosint natuerlike histoarje oan syn alma mater, de Universiteit fan Utert. Der binne fjirtjin brieven bewarre bleaun fan syn korrespondinsje mei Carl Linnaeus tusken 1768 en 1775. "The Linnaean Correspondence - Biography". ALVIN Platform for digital collections and digitized cultural heritage. Argivearre op 2016-12-05. Hy wie befreone mei Albert Schlosser, waans rariteitekabinet er beskreau.

Yn 1783 publisearre er 50 eksimplaren fan in identifikaasjekaai fan Edmé-Louis Daubenton syn Planches enluminées, de kleurde platen mei yllustraasjes foar de monumintale Histoire Naturelle fan de comte de Buffon (publisearre fan 1749-1789), wêrby't er binomiale wittenskiplike nammen oan de platen takende. Newton, Alfred (1893–1896). A Dictionary of Birds. London: Adam and Charles Black. p. 13 Note 2. Mei't in soad fan dy nammen de earste Linnaeaanske wittenskiplike nammen wiene dy't foarsteld waarden, bliuwe se yn gebrûk. Yn 2017 befette de wrâldlist fan fûgels, ûnderhâlden troch Frank Gill en David Donsker út namme fan de International Ornithologist' Union, 190 taksa dêr't Boddaert as autoriteit foar neamd wurdt. Dêrfan wurde der 112 behannele as soart en 78 as ûndersoart.Gill, F., Wright, M. & Donsker, D. (2012). IOC World Bird Names (version 3.1).

Yn 1785 publisearre er Elenchus Animalium, dêr't er as earste de wittenskiplike nammen yn neamde fan in tal sûchdieren.

Boddaert wurdt betocht yn de wittenskiplike namme fan in soarte fan Súd-Amerikaanske slang, Mastigodryas boddaerti.

Keppeling om utens Pieter Boddaert yn de DBNL

Kategory:Nederlânsk biolooch Kategory:Nederlânsk dokter Kategory:Nederlânsk publisist Kategory:Siuwsk persoan Kategory:Persoan berne yn 1733 Kategory:Persoan stoarn yn 1795