Afrikaanske iisfûgels (Corythornis) foarmje in fûgelskaai yn 'e famylje iisfûgels (Alcedinidae).
Ut in yn 2007 molekulêr fylogenetyske stúdzje die bliken dat de skaaien fan 'e rivieriisfûgels (Alcedininae) gjin monofyletyske groep foarmen. De soarten waarden op 'e nij oardene yn fjouwer skaaien, mei fjouwer soarten yn it werom kommende skaai Corythornis, dat yn 1848 yntrodusearre wie troch de Dútske natuerûndersiker Johann Jakob Kaup. De typesoarte is de Prinsipe-iisfûgel (Alcedo cristatus nais), hjoed-de-dei in ûndersoarte fan 'e Malachytiisfûgel. It skaai is de sustergroep fan it skaai Afrikaanske dwerchiisfûgels (Corythornis), dat út twa lytse Afrikaanske iisfûgels bestiet.
Soarten It skaai bestiet út twa soarten: Ofbyld Fryske namme Wittenskiplike namme Fersprieding Status * / trend * 120px Madagaskariisfûgel Corythornis madagascariensis Madagaskar net bedrige ↓ 120px Malachytiisfûgel Corythornis cristatus Afrika besuden de Sahara ôfwêzich yn Madagaskar dielen fan Súdwest-Afrika en de hoarn fan Afrika. net bedrige stabyl 120px Swartsnaffeliisfûgel Corythornis vintsioides Madagaskar net bedrige stabyl 120px Wytbúkiisfûgel Corythornis leucogaster Fan Sierra Leöane oant GanaFan Nigearia nei West-Kenia net bedrige ↓
Sitewaasje 2024.
Kategory:Fûgelskaai Kategory:Iisfûgel