Austin Rhone Clapp (Farmington, 8 novimber 1910 - Woodside, 22 desimber 1971) wie in Amerikaansk swimmer en wetterpoloër.

Hy die twa mei kear oan de Olympyske Simmerspullen (yn 1928 en 1932). Hy waard yn Amsterdam Olympysk kampioen mei it Amerikaanske estafetteteam op de 4x200 meter frije slach yn in wrâldrekôr fan 9:36.2 minuten. Fjouwer jier letter yn Los Angeles wûn hy mei it Amerikaanske wetterpoloteam in brûnzen medalje yn it Olympyske wetterpolotoernoai. Austin Clapp ferstoar op 22 desimber 1971, yn 'e âldens fan 61 jier.

Kategory:Amerikaansk swimmer Kategory:Amerikaansk wetterpoloër Kategory:Amerikaansk Olympysk kampioen Kategory:Persoan berne yn 1910 Kategory:Persoan stoarn yn 1971