De readrêchdwerchiisfûgel (Ceyx rufidorsa) is in fûgel út de famylje fan 'e iisfûgels (Alcedinidae). De wittenskiplike namme fan 'e soarte waard yn 1847 troch de Ingelske natoerûndersiker Hugh Edwin Strickland publisearre. De soarte libbet yn it tropysk reinwâld yn Súdeast-Aazje.

Beskriuwing De readrêchdwerchiisfûgel wurdt likernôch 13 sm lang. De fûgel hat in giel boarst, in giele búk en is donkerread oant rôzeread op 'e wjukken. De rêch en de stút binne rôzeread oant lila; de snaffel is relatyf foars en oranjeread, lykas ek de boppekant fan 'e kop.

Fersprieding Readrêchiisfûgels libje yn primêr en sekundêr reinwâld by dobben en rivieren ûnder beamtegrien oant in hichte fan 1200 m boppe seenivo en bytiden ek yn mangrovebosken of sompbosken.

Undersoarten Der wurde fiif ûnderskoarten ûnderskieden:

C. r. rufidorsa: it skiereilân Malakka en de eilannen Sumatra, Bangka, Belitung, Java, Borneo (útsein yn it noardeasten) en de Lytse Soenda-eilannen oant Flores en Pantar. C. r. motleyi: noardeastlik diel fan Borneo en de dêrfan noardlik lizzende eilannen. C. r. captus: Nias (westlik fan Sumatra) C. r .jungei: Batû-eilannen en Simeulue C. r. vargasi: Lubang, Mindoro (Filipinen)

Status De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet en de grutte fan 'e populaasje is net kwantifisearre. De populaasjes geane troch it ûntboskjen yn oantallen efterút. Dat giet lykwols net sa hurd dat de efterútgong heger as 30% yn tsien jier is. Dêrfandinne stiet de dwerchiisfûgelsoarte as net bedrige op 'e Reade list fan 'e IUCN.

Keppeling om utens Birdlife Ebird Avibase

Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Dwerchiisfûgel Kategory:Lânseigen fauna yn Brûnei Kategory:Lânseigen fauna yn Yndoneezje Kategory:Lânseigen fauna yn Maleizje Kategory:Lânseigen fauna yn Birma Kategory:Lânseigen fauna yn de Filipinen Kategory:Lânseigen fauna yn Singapoer Kategory:Lânseigen fauna yn Tailân