De bûnte iisfûgel (Ceryle rudis) is in fûgel út de famylje fan 'e iisfûgels (Alcedinidae). De bûnte iisfûgel is ien fan 'e trije meast foarkommende iisfûgels. De oare twa soarten binne de gewoane iisfûgel en de wytkraachiisfûgel.
Skaaimerken thumb|left|Mantsje. thumb|left|Wyfke. De bûnte iisfûgel is in 25 sm lange en 68 oant 110 gram swiere fûgel mei in swart-wyt fearrekleed. Mantsjes binne te ûnderskieden fan wyfkes troch in opfallende dûbele boarstbân, wylst it wyfke ien boarsbân hat, dy't boppedat ûnderbrutsen wurdt. Mantsjes en wyfkes ha in opfallende túf.
Fersprieding Bûnte iisfûgels komme yn Afrika, dielen fan it Midden-Easten en Aazje foar en ha in grut ferspriedingsgebiet. Der binne fiif ferskillende ûndersoarten bekend:
C. r. syriacus: fan Turkije oant Israel en fierder oan súdwestlik Iran. C. r. rudis: Egypte en Afrika súd fan 'e Sahara. C. r. leucomelanurus: fan it easten fan Afganistan en Yndia oant Súd-Sina en noardlik Yndosina. C. r. travancoreensis: súdwestlik Yndia. C. r. insignis: East- Súdeast-Sina en Hainan.
It biotoop bestiet út kustgebieten, rivieren en sompen.
Gedrach thumb|250px|Biddende iisfûgel. It is de iennige soarte iisfûgel dy't ek fier op 'e see te sjen is, mar se komme ek by swiet wetter foar. Fakentiden bidde se boppe it wetter en se litte har by it sjen fan in proai fertikaal as in pylk nei ûnder stoarte. Njonken fiskjes ite se ek kreefteftigen en grutte wetterynsekten.
Oars as oare iisfûgelsoarten foarmet de bûnte iisfûgel somtiden grutte groepen om op feilige plakken te oernachtsjen.
Nêst It nêst wurdt yn steile modderbanken oan wetter boud en bestiet út in tunnel dat yn in keamer einiget. Meardere pearkes kinne yn itselde gebiet briede. Fûgels dy't net briede helpe by it grutbringen fan 'e jongen fan oare fûgels.
Status De soarte wurdt troch de IUCN as net bedrige beskôge. It ferspriedingsgebiet is tige grut en allinne dêrom sil de soarte net gau útstjerre.
Keppeling om utens Ebird Birdlife Avibase
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Bûnte iisfûgel Kategory:Lânseigen fauna yn Afganistan Kategory:Lânseigen fauna yn Bangladesj Kategory:Lânseigen fauna yn Birma Kategory:Lânseigen fauna yn Bûtan Kategory:Lânseigen fauna yn Fjetnam Kategory:Lânseigen fauna yn Yndia Kategory:Lânseigen fauna yn Irak Kategory:Lânseigen fauna yn Iran Kategory:Lânseigen fauna yn Israel Kategory:Lânseigen fauna yn Jordaanje Kategory:Lânseigen fauna yn Kambodja Kategory:Lânseigen fauna yn Koeweit Kategory:Lânseigen fauna yn Laos Kategory:Lânseigen fauna yn Libanon Kategory:Lânseigen fauna yn Nepal Kategory:Lânseigen fauna yn Pakistan Kategory:Lânseigen fauna yn Palestina Kategory:Lânseigen fauna yn Sina Kategory:Lânseigen fauna yn Sry Lanka Kategory:Lânseigen fauna yn Syrje Kategory:Lânseigen fauna yn Tailân Kategory:Lânseigen fauna yn Turkije Kategory:Lânseigen fauna yn Angoala Kategory:Lânseigen fauna yn Benyn Kategory:Lânseigen fauna yn Boerkina Faso Kategory:Lânseigen fauna yn Boerûndy Kategory:Lânseigen fauna yn Botswana Kategory:Lânseigen fauna yn Dzjibûty Kategory:Lânseigen fauna yn Ekwatoriaal-Guinee Kategory:Lânseigen fauna yn Eritreä Kategory:Lânseigen fauna yn Etioopje Kategory:Lânseigen fauna yn Gabon Kategory:Lânseigen fauna yn Gambia Kategory:Lânseigen fauna yn Gana Kategory:Lânseigen fauna yn Guinee Kategory:Lânseigen fauna yn Guinee-Bissau Kategory:Lânseigen fauna yn Ivoarkust Kategory:Lânseigen fauna yn Kameroen Kategory:Lânseigen fauna yn Kenia Kategory:Lânseigen fauna yn Kongo (Demokratyske Republyk) Kategory:Lânseigen fauna yn Kongo (Republyk) Kategory:Lânseigen fauna yn Lesoto Kategory:Lânseigen fauna yn Libearia Kategory:Lânseigen fauna yn Malawy Kategory:Lânseigen fauna yn Maly Kategory:Lânseigen fauna yn Mauretaanje Kategory:Lânseigen fauna yn Mozambyk Kategory:Lânseigen fauna yn Namybje Kategory:Lânseigen fauna yn Nigearia Kategory:Lânseigen fauna yn Niger Kategory:Lânseigen fauna yn Rûanda Kategory:Lânseigen fauna yn Sambia Kategory:Lânseigen fauna yn Senegal Kategory:Lânseigen fauna yn Sierra Leöane Kategory:Lânseigen fauna yn Simbabwe Kategory:Lânseigen fauna yn de Sintraal-Afrikaanske Republyk Kategory:Lânseigen fauna yn Somaalje Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Afrika Kategory:Lânseigen fauna yn Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Swazylân Kategory:Lânseigen fauna yn Tanzania Kategory:Lânseigen fauna yn Togo Kategory:Lânseigen fauna yn Tsjaad Kategory:Lânseigen fauna yn Uganda