Hildegard Emma (Hilde) Schrader (Staßfurt, 4 jannewaris 1910 - Magdeburg, 26 maart 1966) wie in Dútsk swimster.
Sy die yn 1928 ienris mei oan de Olympyske Simmerpullen. Se waard yn Amsterdam Olympysk kampioen op de 200 meter skoalslach yn in tiid fan 3:12.6 minuten.
Nei de Twadde Wrâldkriich wurke Schrader as transportarbeider by in bedriuw foar swiere masines yn Magdeburg. Hilde Schrader ferstoar op 26 maart 1966, yn 'e âldens fan 56 jier.
Kategory:Dútsk swimmer Kategory:Dútsk Olympysk kampioen Kategory:Persoan berne yn 1910 Kategory:Persoan stoarn yn 1966