De dwerchielgoes (Microcarbo pygmaeus; synonym: Phalacrocorax pygmeus) is in fûgel út it skift fan 'e ginteftigen (Suliformes), famylje fan 'e ielgoesfûgels (Phalacrocoracidae).
Beskriuwing thumb|left|Fleanende dwerchielgoes yn 'e Donaudelta. De 45 oant 55 sm lange fûgel weecht 565 oant 870 gram en hat in spanwiidte fan 80 sm. De dwerchielgoes is sadwaande likernôch twaris sa lyts en trijeris lichter as de gewoane ielgoes (Phalacrocorax carbo). It fearrekleed is donker glânzgjend en de fûgel hat in brune kop. Fierder ha se in koarte snaffel.
De fûgel wurdt net gau betiizge mei oare fûgels yn syn ferspriedingsgebiet. Fersprieding De fûgel briedt yn koloanjes yn it midden, easten en it suden fan Europa, yn Lyts-Aazje, it Midden-Easten en it westen fan Aazje oant Kazachstan, Iran, Tadzjikistan en Oezbekistan. It biotoop bestiet út grutte swietwettermarren en brede, stadich streamende rivieren en sompen mei genôch beammen en reid foar it nêst om yn te rêsten. De fûgel mijt bergen, kjeld en drûge gebieden. Se mei graach by rysfjilden wêze en gebieten dy't splis steane. Winterdeis wurde de fûgels ek yn estuaria en opslachmarren sjoen. Se wurde allinnich sjoen, mar ek yn groepen en binne net benaud foar minsken.
Yn West-Europa is de dwerchielgoes in dwaalgast, mar sûnt 1999 wurde der hieltiten faker meldingen dien.
Nêst thumb|left|Dwerchielguozzen. Dwerchielguozzen bouwe nêsten fan takken en reid yn tichte begroeiing, beammen en somtiden tusken it reid. Ein maaie, begjin juny briedt in pearke tegearre yn 27 oant 30 dagen de aaien út. Se wurde troch it mantsje en wyfke mei lytse fiskjes en oare wetterdierkes fuorre. De jongen moatte harren nei 70 dagen sels rêde. Dwerchielguozzen binne faak te sjen mei leppelbekken en reagerfûgels.
Status De populaasje waard yn 2015 op 48.000 oant 137.000 fûgels rûsd. Oannommen wurdt dat de oantallen tanimme. De dwerchielgoes stiet dêrfandinne as net bedrige op 'e Reade list fan 'e IUCN.
Keppeling om utens Ebird Birdlife Avibase Avionary - Dwerchielgoes yn 60 talen
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Dwerchielgoes Kategory:Lânseigen fauna yn Albaanje Kategory:Lânseigen fauna yn Armeenje Kategory:Lânseigen fauna yn Azerbeidzjan Kategory:Lânseigen fauna yn Bosnje-Hertsegovina Kategory:Lânseigen fauna yn Bulgarije Kategory:Lânseigen fauna yn Georgje Kategory:Lânseigen fauna yn Grikelân Kategory:Lânseigen fauna yn Hongarije Kategory:Lânseigen fauna yn Itaalje Kategory:Lânseigen fauna yn Jeropeesk Ruslân Kategory:Lânseigen fauna yn Kazachstan Kategory:Lânseigen fauna yn Kosovo Kategory:Lânseigen fauna yn Kroaasje Kategory:Lânseigen fauna yn Moldaavje Kategory:Lânseigen fauna yn Montenegro Kategory:Lânseigen fauna yn Noard-Masedoanje Kategory:Lânseigen fauna yn de Oekraïne Kategory:Lânseigen fauna yn Roemeenje Kategory:Lânseigen fauna yn Servje Kategory:Lânseigen fauna yn Turkije Kategory:Lânseigen fauna yn Afganistan Kategory:Lânseigen fauna yn Irak Kategory:Lânseigen fauna yn Iran Kategory:Lânseigen fauna yn Israel Kategory:Lânseigen fauna yn Kirgyzje Kategory:Lânseigen fauna yn Koeweit Kategory:Lânseigen fauna yn Libanon Kategory:Lânseigen fauna yn Oezbekistan Kategory:Lânseigen fauna yn Palestina Kategory:Lânseigen fauna yn Syrje Kategory:Lânseigen fauna yn Tadzjikistan Kategory:Lânseigen fauna yn Turkmenistan