De Nieuwe Molen (De Nije Mûne) is in nôtmûne oan 'e Mulderlaan yn Veenendaal yn 'e provinsje Utert.
Skiednis Foar de hjoeddeiske mûne stie op it plak in standermûne, dy't yn 1911 ôfbrutsen waard. De Nije Mûne waard dêrnei as ferfanger boud mei ûnderdielen fan in Noard-Hollânske poldermûne. Ek de kape fan 'e binnenkruier út Noard-Hollân waard wer brukt en dêrfandinne is de mitsele romp fan 'e Nije Mûne hiel breed. It foardiel wie ek dat dêrmei in mûne ûntstie mei folle mear bedriuws- en opslachromte as wenst.
Op sneon 9 maart 2002 ferlear by stjalprein de op dat stuit draaiende mûne syn wjukkekrús en rekke de kape út 'e foegen. It wjukkekrús foel op it dak del fan it oanbuorjende hûs fan 'e byldzjende keunstner Hanneke Zwart. Yn 2003 folge de restauraasje fan 'e mûne.
Beskriuwing De mûne is in rûne, stiennen stellingmûne út it jier 1911 en folge in standermûne mei deselde namme op. De mûne hat twa koppels mealstiennen dy't troch de mûne oandreaun wurde en in elektrysk oandreaun koppel. De roede ha in Aldhollânsk wjuksysteem en in flecht fan 26 m. Efterop de kape hat de mûne in wynwizer yn 'e foarm fan in sylskip.
Op sneonen is de mûne iepen om te besjen. Der is in mûnewinkel dy't moalprodukten ferkeapet.
Eigner is de Stifting De Utertske Mûnen, dy't mear mûnen yn eigendom hat. It deistich bestjoer fan dy mûnen is yn hannen fan 'e Stifting It Utertsk Gea.
Keppeling om utens Mûnedatabase. Fer. De Hollânske Mûne.
Kategory:Bouwurk yn Veenendaal Kategory:Ryksmonumint yn Utert (provinsje) Kategory:Mole yn Utert (provinsje) Kategory:Stellingmole Kategory:Nôtmole Kategory:Bouwurk út 1911