De Mûne fan 'e polder Buitenweg (bekend as de Buitenwegse Molen) is in wipmûne krekt bûten it doarp Oud-Zuilen yn 'e provinsje Utert.

De lytse mûne stiet fuort njonken de folle gruttere Westbroekse Molen. De kombinaasje fan dy twa mûnen bestiet út de lytste èn de grutste poldermûne fan 'e provinsje.

Skiednis De mûne waard yn 1830 boud. Goed 100 jier letter waard de houten as ferfongen troch in as fan jitizer. De mûne krige doe ek nije roeden mei it systeem Dekker. Ek waard it skeprêd ferfongen troch in iepen skroefpompe. Dêrnjonken krigen de sitten kûgellagers, sadat de mûne makliker te kruien wie. Sûnt de jierren 1960 hie de mûne fokwjukken (systeem Fauël).

Yn 1972 droech it wetterskip Buitenweg de mûne oer oan 'e Stifting De Utertske Mûnen. thumb|left|De ôfbaarnde mûne. Yn 'e nacht fan 14 op 15 maart 2016 baarnde de mûne ôf. Nei alle gedachten wie brânstifting de oarsaak. Op 18 april 2017 binne de resten nei de mûnemakker yn Beijk (Limburch) brocht, dêr't de mûne rekonstruearre en restaurearre waard.

Ein 2017 waard de mûne op 'e âlde lokaasje wer opboud. Dêrby binne de eardere fokwjukken fan foar de brân ferfongen troch it systeem Dekker. Om safolle mooglik fan 'e oerbleaune balken nei de brân wer te brûken, is der in stalen konstruksje yn 'e mûne oanbrocht. De mûne is hjoed-de-dei wer mealree.

Keppeling om utens Mûnedatabase. Fer. De Hollânske Mûne

Kategory:Bouwurk yn Stichtske Fecht Kategory:Mole yn Utert (provinsje) Kategory:Ryksmonumint yn Utert (provinsje) Kategory:Poldermole Kategory:Wipmole Kategory:Bouwurk út 1830