De Geesina is in nôtmûne yn Groenekan yn 'e provinsje Utert.
Skiednis De mûne waard nei alle gedachten yn 1843 boud. Tusken 1911 en 1998 wie de famylje Schuurman eigner fan 'e mûne. Oant 1941 waard de mûne De Groene Kan neamd. Nei in restauraasje doe, waard de mûne Geesina ferneamd, de frou fan 'e mûnder. thumb|left|De Geesina yn 2002. De mûne waard nei in tiid fan ferfal yn 1968 restaurearre en bleau sûnt noch in skoft yn gebrûk, mar stadichoan waard de steat fan ûnderhâld minder. Yn 1998 kocht de Stifting De Utertske Mûnen oan, dy't mei in nije restauraasje útein sette. Dy restauraasje moast yn it jier 2000 fanwegen brek oan jild stopset wurde.
Sûnt in pear jier is de Stifting De Utertske Mûnen ûnderbrocht by It Utertske Gea. Op 22 desimber 2011 is de restaurearre kape set en binne de roeden stutsen. Earder wie al in stelling boud. Op 12 maaie 2012 waard de mûne op 'e Nasjonale Mûnedei op 'e nij iepene.
Keppeling om utens Mûnedatabase. Fer. De Hollânske Mûne
Kategory:Bouwurk yn De Bilt Kategory:Mole yn Utert (provinsje) Kategory:Ryksmonumint yn Utert (provinsje) Kategory:Nôtmole Kategory:Stellingmole Kategory:Bouwurk út 1843