De Ruiter is in mûne yn Vreeland yn 'e provinsje Utert.
Skiednis De mûne waard yn 1910 boud op it plak fan in oare mûne, dy't dat jier ôfbaarnde nei't de mûne de silen op 'e hakke naam en de fang flam sloech. Foar de werbou waard in oerstallige poldermûne út 1776 út it Noard-Hollânske Barsingerhorn oankocht, dêr't in nij gemaal de mûnen fan 'e Kaagpolder ferfong.
De poldermûne wie in binnenkruier en waard ferboud ta bûtenkruier mei stelling.
De Ruiter waard yn 'e jierren 1977-1978 en 2000-2001 restaurearre. Sûnt de restauraasje fan 1978 meallet de mûne nôt foar bakkers.
De mûne is al in skoft yn hannen fan partikuliere eigners. De Stifting Mûne De Ruiter ekploitearret de mûne. De Ruiter is yn 'e regel op sneon en oars op ôfspraak te besjen.
Trivia De bankier Rijkman Groenink hat in skoft eigner west fan 'e mûne en wenne oant 2006 yn 'e om 'e mûne boude filla.RTV Utrecht, 22 april 2006.
Keppeling om utens Mûnedatabase. Fer. De Hollânske Mûne
Kategory:Bouwurk yn Stichtske Fecht Kategory:Mole yn Utert (provinsje) Kategory:Ryksmonumint yn Utert (provinsje) Kategory:Nôtmole Kategory:Stellingmole Kategory:Bouwurk út 1911