Oreste Puliti (Livorno, 18 febrewaris 1891 - Lucca, 5 febrewaris 1958) wie in Italjaansk skermer.

Hy die trije kear mei oan de Olympyske Simmerspullen (yn 1920, 1924 en 1928). Hy waard yn Antwerpen Olympysk kampioen mei it Italjaanske floretteam, en mei it sabelteam, fjouwer jier letter yn Parys prolongearre hy syn titel mei it sabelteam. Yn Amsterdam wûn hy op 'e nij goud mei it floretteam. Oreste Puliti ferstoar op 5 febrewaris 1958, yn 'e âldens fan 66 jier.

Kategory:Italjaansk skermer Kategory:Italjaansk Olympysk kampioen Kategory:Toskaansk persoan Kategory:Persoan berne yn 1891 Kategory:Persoan stoarn yn 1958