Helene Mayer (Offenbach am Main, 20 desimber 1910 - München, 15 oktober 1953) wie in Dútsk skermster.

Sy die trije kear mei oan de Olympyske Simmerspullen (yn 1928, 1932 en 1936). Sy waard yn Amsterdam Olympysk kampioen mei de floret.

Acht jier letter wie sy yntusken fanwegen har Joadske heit út har team setten en nei Feriene Steaten flechten. Under druk fan in mooglike boykot fan Amerikaanske atleten, stimde Dútslân deryn ta dat Mayer meidwaan koe oan de Spullen yn Berlyn, en sy wûn dêr in sulveren medalje mei de floret. Helene Mayer ferstoar op 15 oktober 1953, yn 'e âldens fan 42 jier, oan de gefolgen fan boarstkanker.

Kategory:Dútsk skermer Kategory:Dútsk Olympysk kampioen Kategory:Dútsk flechtling Kategory:Dútsk persoan fan Joadsk komôf Kategory:Persoan berne yn 1910 Kategory:Persoan stoarn yn 1953