Giorgio Pessina (Rome, 16 juny 1902 - dêre, 18 july 1977) wie in Italjaanske skermer.

Hy die trije kear mei oan de Olympyske Simmerspullen (yn 1924, 1928 en 1932). Hy waard yn Amsterdam Olympysk kampioen mei it Italjaanske floretteam, fjouwer jier letter yn Los Angeles wûn hy in sulveren medalje mei Italjaanske floretteam.

Yn 1947 gie er nei Oerûguay as jeugdtrainer. Nei syn weromkommen nei Italië waard Pessina haadtrainer fan de Italjaanske federaasje. Giorgio Pessina ferstoar op 18 july 1977, yn 'e âldens fan 75 jier.

Kategory:Italjaansk skermer Kategory:Italjaansk Olympysk kampioen Kategory:Italjaansk skermtrainer Kategory:Persoan berne yn 1902 Kategory:Persoan stoarn yn 1977