Carl Marie Paul Blanchet de la Sablière (Quimper, 26 april 1895 - Gouesnach, 29 oktober 1979) wie in Frânsk siler.
Hy die yn 1928 ienris mei oan de Olympyske Simmerpullen. Hy waard yn Amsterdam Olympysk kampioen, yn de 8m klasse mei André Lesauvage, Virginie Hériot, André Derrien, Donatien Bouché en Jean Lesieur. De 8m klasse is in mearpersoanskylboat. It jacht hat in lingte fan ungefear 13,50 oant 15,80 meter, in breedte 2,20 oant 2,50 meter en in djipgong fan 2,00 meter; it grutseil mjit 50 m². Carl de la Sablière ferstoar 29 oktober 1979, yn 'e âldens fan 84 jier.
Kategory:Frânsk siler Kategory:Frânsk Olympysk kampioen Kategory:Bretonsk persoan Kategory:Persoan berne yn 1895 Kategory:Persoan stoarn yn 1979