Elizabeth Becker-Pinkston (Philadelphia, 6 maart 1903 - Detroit, 6 april 1989) wie in Amerikaansk keunstdûkster en twafâldich Olympysk kampioene.

Sy die twa kear mei oan de Olympyske Simmerspullen (yn 1924 en 1928). Sy waard yn Parys Olympysk kampioene op de trije meter planke mei 474.5 punten en sy wûn in sulveren medalje op de tsienmetertoer. Nei de Spullen fan 1924 boaske sy mei keunstûker Clarence Pinkston, it pear krige yn 1926 in twilling. Twa jier nei de berte fan de twilling waard sy yn Amsterdam Olympysk kampioene op de tsienmetertoer mei 31.6 punten. Elizabeth Becker-Pinkston ferstoar op 6 april 1989, yn 'e âldens fan 86 jier.

Kategory:Amerikaansk keunstdûker Kategory:Amerikaansk Olympysk kampioen Kategory:Persoan berne yn 1903 Kategory:Persoan stoarn yn 1989