Paul Vincent Costello (Philadelphia, 27 desimber 1894 - dêre, 17 april 1986) wie in Amerikaansk roeier en trijefâldich Olympysk kampioen.
Hy die trije kear mei oan de Olympyske Simmerspullen (yn 1920 1924 en 1928). Hy waard yn Antwerpen Olympysk kampioen mei John Brendan Kelly, yn Parys prolongearre it duo harren titel, yn Amsterdam waard Costello foar de tredde kear Olympysk kampioen yn de dûbeld-twa mar no tegearre mei Charles McIlvaine. Paul Costello ferstoar op 17 april 1986, yn 'e âldens fan 91 jier.
Kategory:Amerikaansk roeier Kategory:Amerikaansk Olympysk kampioen Kategory:Persoan berne yn 1894 Kategory:Persoan stoarn yn 1986