John Gerard Heath Lander (Liverpool, 7 septimber 1907 - Hongkong, 25 desimber 1941) wie in Ingelsk roeier.
Hy die yn 1928 ienris mei oan de Olympyske Simmerpullen. Hy waard yn Amsterdam Olympysk kampioen mei Michael Warriner, Richard Beesly en Edward Bevan yn de fjouwer-sûnder-stjoerman.
Nei syn ôfstudearjen oan Cambridge gie John Lander foar saken nei Hongkong dêr't hy op 25 desimber 1941 yn 'e Slach om Hongkong sneuvele, yn 'e âldens fan 34 jier by de ferdigening fan de Britske koloanje tsjin de Japanske ynvaazje.
Kategory:Ingelsk roeier Kategory:Ingelsk Olympysk kampioen Kategory:Ingelsk soldaat Kategory:Britsk militêr yn de Twadde Wrâldkriich Kategory:Persoan dy't omkommen is yn in oarlochssitewaasje op lân Kategory:Persoan berne yn 1907 Kategory:Persoan stoarn yn 1941