Lambertus Franciscus Edema van der Tuuk (Noardwâlde, 30 april 1872 - Hillegersberg, 24 augustus 1942) wie in Nederlânske byldhouwer en dosint.
Libben en wurk Hy wie in soan fan dr. Hindrik Edema van der Tuuk (1839-1914) en Ida Helena Junius (1848-1919). Hy studearre oan de Kunstnijverheidsschool Quellinus yn Amsterdam, dêr't er les krige fan Louis Bourgonjon en Bart van Hove. Ype Koopmans (1997) Muurvast & gebeiteld - Beeldhouwkunst in de bouw 1840-1940, Rotterdam: NAi Uitgevers. s. 280. Hy krige in beurs, dêr't er syn oplieding mei ferfolgje koe oan de Koninklijke Academie voor Schone Kunsten fan Brussel by Charles Van der Stappen. Fan Brussel gie er nei Parys om oan de École nationale supérieure des arts décoratifs te studearjen. Om 1897 hinne iepene er syn eigen atelier yn Amsterdam.
Fan 1904 oant 1926 wie Edema van der Tuuk learaar boetsearjen oan de Academie van Beeldende Kunsten en Technische wetenschappen yn Rotterdam. Learlingen fan him wiene ûnder oaren Cor van Kralingen en Bernard Richters.
Galery
Kategory:Frysk byldhouwer Kategory:Nederlânsk byldhouwer Kategory:Nederlânsk persoan fan Frysk komôf Kategory:Stellingwerfsk persoan Kategory:Persoan berne yn Noardwâlde Kategory:Persoan berne yn 1872 Kategory:Persoan stoarn yn 1942