Rijn en Zon is in nôtmûne op 'e hoeke fan 'e Adelaarstraat en Merelstraat yn 'e Utertske Fûgelbuert.

Foardat de Rijn en Zon boud waard telde de stêd tsientallen mûnen. Fral de ferdigeningswurken om 'e stêd wiene in ideale lokaasje foar mûnen. In fûle stoarm op 1 augustus 1674 fernielde lykwols in soad bouwurken yn Utert en in soad Utertske mûnen rekken skansearre, sadat der nei de stoarm noch mar twa fan dy mûnen op 'e stedswâlen stiene. thumb|left|De Rijn en Son (foaroan rjochts) en De Meiboom yn oanbou (hielendal lofts). De earste Rijn en Son waard yn opdracht fan Govert van Rhijn en Bernardus Sonnenberg yn 1745 op 'e stedswâl oan it Paardenveld boud. De opdrachtjouwers joegen de namme oan 'e mûne en hja lieten in gevelstien oanbringe fan in sinne boppe de rivier mei de wurden:

A° 1745 DE.RYN.EN.SON.EEN SUYVERE.BRON MET.WARME.STRAALEE TOT.UTREGHTS.PRONCK,BELOFTE.SCHONCK OM.WEL.TE.MAALLEE GESTIGHT.DOOR.BN SONNEN.BERGH EN.GV VAN.REYN. C.E.B.Nei de sloop ferdwûn de gevelstien fan Rijn en Son nei it Sintraal Museum. Yn 'e nije mûne liet Korevaar in soartegelikense gevelstien sette.      

Mei't de gemeente plannen hie foar in grientefeiling op 'e lokaasje, waard de Rijn en Son yn 1912 ôfbrutsen. Tagelyk waard ek de oanbuorjende mûne De Meiboom ôfbrutsen.

Yn 1913 waard as ferfanging foar de Rijn en Son dêrnei in heale km noardeastliker in nije mûne oan 'e Adelaarstraat boud, dy't deselde namme krige mar Son waard no mei in 'Z' stavere. Yn dy tiid wie it dêr noch in lannelike omjouwing. By de bou binne ûnderdielen fan 'e Meiboom en oare mûnen ferwurke. Om 't by de bou de oannimmer faillyt gie, naam de mûnder Jan Korevaar fan 'e âlde mûne dat wurk oer. Likernôch in heal miljoen bakstiennen binne yn 'e romp ferwurke.

Oan 'e basis hat de romp in trochsnit fan likernôch 14 m. De ôfmjitting fan 'e flecht is hast 25 m. De stelling fan 'e mûne is 18 m heech, de boppekant fan 'e kape is likernôch 32 m heech. De Rijn en Zon is ien fan 'e fiif heechste mûnen yn Nederlân en de heechste fan 'e provinsje Utert. Korevaar paste yn 'e mûne alle bekende ûntwikkelingen yn 'e mûnebou ta. Hy wie ek de mûnder fan 'e nije mûne en syn twa soannen folgen him letter op.

Yn 'e Twadde Wrâldkriich spile de mûne in grutte rol foar ynwenners dy't in sekfol nôt wisten te besetten.

By in stoarm op 1 maart 1949 naam de mûne de silen op 'e hakke en rekke dêrby sa skansearre, dat der net mear kruid wurde koe. De mûne soe yn 'e jierren 1960 fanwegen stedsútwreiding ôfbrutsen wurde, mar nei beswierskriften kocht de gemeente yn 1974 de mûne oan. By in stoarm yn 1975 foelen ek nochris dielen fan 'e stelling nei ûnder. De mûne waard lang om let restaurearre en wer oant it wurk set. Underyn kaam in biologyske saak, de Korenschoof, dy't bôle fan nôt út de mûne ferkocht. De winkel ferhûze letter nei in oar ûnderkommen tichteby en yn 'e winkelromte kaam in biologyske slachter. Yn 2011 moast de mûne fanwegen in defekt yn 'e kape stilset wurde.

De mûnder Jan Wilten sette yn 'e hjerst fan 2014 úitein mei in aksje om de mûne te restaurearjen en yn 2019 krige er stipe fan 'e gemeenteried. Sûnt septimber 2020 waard de mûne wer yn bedriuw set.

De Rijn en Zon en de yn 1997 werboude seachmûne De Ster binne hjoed-de-dei de iennige (tradisjonele) mûnen fan Utert.

Keppeling om utens Mûnedatabase

Kategory:Mole yn Utert (provinsje) Kategory:Bouwurk yn Utert (gemeente) Kategory:stellingmole Kategory:nôtmole Kategory:Bouwurk út 1913 Kategory:Ryksmonumint yn Utert (provinsje)