Abraham Julius (Bram) Biesterveld (Amsterdam, 16 novimber 1938 – Haarlim, 23 maart 2025Acteur Bram Biesterveld (86), bekend van 'Pommetje Horlepiep', overleden nos.nl, 24 maart 2025) wie in Nederlânske akteur.

Wurkpaad Biesterveld folge yn syn jeugd in oplieding ta masinebankwurker. Dêrnei wurke er by de KLM en in technysk buro. Oanslutend folge er in oplieding oan de Kleinkunstacademie, dy't er lykwols al betiid beëinigje moast om't er de oplieding net betelje koe. Yn 1966 waard Biesterveld wol oannommen yn de Snip en Snaprevu. Nei dizze baan folgen ferskate oare toanielputsjes, wêrûnder it Amsterdamsk Folkstoaniel. Begjin santiger jierren gie er as oanjouwer fan Joop Doderer mei op toernee. Fierder wurke er mei oan foarstellingen fan it Sparteäter, reklames en minimusicals. Biesterveld bruts earst echt troch mei syn rol as Pommetje Horlepiep yn de searje mei deselde namme. Hy begûn syn eigen berneteäter en reizge mei Pommetje in het nauw en Bakkertje Deeg it hiele lân troch. Biesterveld skreau ek syn eigen onemanshow. Daat waard lykwols gjin sukses trochdat minsken 'Pommetje' ferwachten. Doe't de searje Pommetje Horlepiep yn 1979 ophold, spile er dêrnei benammen byrollen yn telefyzjesearjes lykas Oppassen!!! en Westenwind.

De lêste jierren fan syn libben wenne er yn in fersoargingshûs yn Haarlem, dêr't er yn 2025 yn de âlden fan 86 jier ferstoar.

Filmografy Zwervers (2022) - notaris Veldman Westenwind (telefyzjesearje) - Bert 't Groenloo (2002-2003) Monsters en co. (2001) - stim Paddie Oppassen!!! - gastrol ôfl. 298 "Spoken zien" De orde der dingen (koarte film, 1996) - learaar Aladdin en de Dievenkoning (animaasjefilm, 1996) - stim Iago Filmpje! - gast yn restaurant (1995) KOEKOEK! (koarte film, 1995) - Otto De Wraak van Jafar (animaasjefilm, 1994) - stim Iago Aladdin (animaasjerige) - stim Iago (1994-1995) Aladdin (1992) (animaasjefilm, 1993) - stem Iago Zeg 'ns Aaa (telefyzjesearje) - Jan Bakker (1988) Auf Achse (telefyzjesearje) - plysje Verstappen (1986) Een scheve schaats (telefyzjefilm, 1983) - Arnold Pijper De Fabriek (telefyzjesearje, 1981) - arbeider Pommetje Horlepiep (telefyzjesearje) - Pommetje Horlepiep (1976-1979) Cyrano de Bergerac (telefyzjefilm, 1975) Heb medelij, Jet! (telefyzjefilm, 1975) - konducteur De Kijkdoos (telefyzjesearje) - Boekenbram (1974-1977) Het meisje met de blauwe hoed (telefyzjesearje) - Swaneveld (1972) Sjakie en de chocoladefabriek (1971) - stim heit fan Veruca Salt Zeemansvrouwen (televisiefilm, 1968) - Nelis

Kategory:Nederlânsk telefyzje-akteur Kategory:Nederlânsk toanielakteur Kategory:Nederlânsk stimakteur Kategory:Persoan berne yn 1938 Kategory:Persoan stoarn yn 2025