De Oukoper Mûne is in wipmûne yn 'e provinsje Utert. De mûne stiet likernôch in kilometer benoarden it doarp Nieuwer Ter Aa, mar oan 'e oare kant fan 'e A2. By de mûne giet de Nieuwe Wetering oer yn 'e Angstel.

Skiednis De oarspronklike mûne waard nei alle gedachten om 1644 hinne op 'e lokaasje boud. Yn 1839 hinne krige de mûne in yngreven restauraasje en waard it hiele boppehûs fernijd.

Yn 1917 moast der in nij skeprêd set wurde om 't troch it beklinken it polderpeil fierder omleech moast. thumb|left|De mûne yn 1959 mei op 'e wjukken it systeem fan mûnemakker Dekker. De Oukoper mûne krige yn 1933 op beide roeden it systeem Dekker. Oant febrewaris 1961 bleau de mûne de 577 ha grutte polder bemeallen. Yn dat jier moast de mûne fanwegen in minne roede stilset wurde. In needgemaal mei diselmotor en sintrifugaalpompe naam doe it wurk oer. Nei de fernijing fan de roeden yn 1968 is it systeem wer feroare yn Aldhollânsk. Dy roeden binne yn 2022 ferfongen.

De flecht fan 'e wjukken is 23 m. Frijwilligers litte de mûne nei de lêste grutte restauraasje fan 1994 regelmjittich draaie. Eigner is de Stifting De Utertske Mûnen, dy't ûnder It Utertske Gea falt.

Keppeling om utens Fer. De Hollânske Mûne. Mûnedatabase.

Kategory:Bouwurk yn Stichtske Fecht Kategory:Ryksmonumint yn Utert (provinsje) Kategory:Mole yn Utert (provinsje) Kategory:Poldermole Kategory:Wipmole Kategory:Bouwurk út 1644