Helen Meany (New York, 15 desimber 1904 - Greenwich, 21 july 1991) wie in Amerikaansk keunstdûkster.

Sy die trije kear mei oan de Olympyske Simmerspullen (yn 1920, 1924 en 1928). Sy waard yn Amsterdam Olympysk kampioene op de trije meter planke mei 78.62 punten.

Nei de Olympyske Spullen fan 1928 waard se profesjoneel ferklearre om't sy optreden hie yn in show yn Miami mei Johnny Weissmuller, Martha Norelius en Pete Desjardins. Helen Meany ferstoar op 21 july 1991, yn 'e âldens fan 86 jier.

Kategory:Amerikaansk keunstdûker Kategory:Amerikaansk Olympysk kampioen Kategory:Persoan berne yn 1904 Kategory:Persoan stoarn yn 1991