De Sint-Hubertusmûne is in wynmûne yn Genhout, in doarp yn 'e gemeente Beek yn 'e provinsje Limburch. De mûne stiet op in opfallende lokaasje yn it lânskip sûnder beheining foar de wyn en wurdt as ien fan 'e moaiste standermûnen fan 'e provinsje beskôge.
Skiednis Mei't yn 'e Frânske tiid it hearlike rjocht, dat allinne de lânshear it rjocht joech in mûne te bouwen, ôfskaft waard, krigen ynwenners sels de mooglikheid mûnen te bouwen. Ek mochten boeren tenei sels witte op hokker mûne hja it nôt mealle lieten. Dat late ta de bou fan ferskillende nije mûnen yn Limburch. Ien fan dy mûnen wie de Sint-Hubertusmûne fan Genhout. Oant yn 'e ein fan 'e jierren 1940 bleau de mûne yn gebrûk.
Yn 1943 krige de mûne de namme Sint-Hubertus, dy't ek de patroanhillige fan 'e parochy is. Nei in tiid fan ferfal waard de mûne yn 1970 foar in gûne oan 'e gemeente Beek ferkocht, dy't de mûne yngreven restaurearje liet. By dy restauraasje waard de foet fan 'e mûne healsletten en de grûn om 'e mûne ophege, sadat de fundearringspeallen djipper yn 'e grûn kamen te lizzen.
Beskriuwing It is in healsletten standermûne út 1801 dy't oarspronklik as nôtmûne tsjinne. De Hubertusmûne hat in flecht fan 25,20 m. De wynwizer fan 'e mûne stelt de patroanhillige op it hynder foar. De kape en de foarkant fan 'e kast fan 'e mûne binne mei iken skalyën oerdutsen. De rest fan 'e kast is okergiel farve.
It mealwurk bestiet út twa mealkoppels. By genôch wyn is de mûne op woansdeis te besichtigjen en tagonklik foar publyk.
Keppeling om utens Mûnedatabase. Fer. De Hollânske Mûne.
Kategory:Mole yn Limburch (Nederlân) Kategory:Nôtmole Kategory:Standermole Kategory:Bouwurk út 1801 Kategory:Ryksmonumint yn Limburch (Nederlân)