Falkenburch (Limburchsk: Valkeberg) is in stêd yn de Nederlânske provinsje Limburch, lizzend yn it Súd-Limburchske Heuvellân yn de gemeente Falkenburch oan de Geul. Falkenburch is de grutste kearn en nammejouwer fan dizze gemeente. Falkenburch hat in sterk toeristysk karakter. De histoaryske stedskearn mei syn tal hoarekagelegenheden, it omlizzende heuvellân en in grut tal toeristyske attraksjes foarmje de wichtichste publykslûkers. De stêd hat 10.535 ynwenners (2024).
Kategory:Plak yn Falkenburch oan de Geul